Trije dagen KFPS Hynstekeuring streekrjocht by Omrop Fryslân
Resint ferskynd
Op 14, 15 en 16 jannewaris wurdt de KFPS Hynstekeuring yn Drachten holden. Troch de hjoeddeiske maatregels kin der gjin publyk oanwêzich wêze by dit evenemint fan de Koninklijke Vereniging “Het Friesch Paarden-Stamboek”. Leafhawwers fan oer de hiele wrâld kinne de prachtige hynders dochs streekrjocht folgje by Omrop Fryslân. Online fia livestreams yn ferskate talen en de finaledei is ek op telefyzje te sjen.
De spektakulêre Matthys 504 wie de algemien kampioen fan 2020, soe it him dit jier nochris slagje? Of pakt de reservekampioen Nane 492 de titel? Dy en noch hiel wat oare hynsten fan it stamboek meie sneon 16 jannewaris wer harren bêste fuotsje foarsette by de KFPS Hynstekeuring.
Trije dagen genietsje fan de swarte pearels
Alle trije dagen is de Hynstekeuring te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app fia livestreams yn ferskate talen. De útstjoering fan sneon is ek te folgjen op telefyzje mei kommentaar fan Omrop Fryslân presintator Gerrit de Boer en deskundige Henk Dijkstra. Op tongersdei 14 en freed 15 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. Nei de earste besichtiging healwei desimber binne der 112 hynsten opnommen yn de seleksje foar stap twa op wei nei in mooglike karriêre as stamboekhynst. Sneon 16 jannewaris barst de striid tusken de stamboekhynsten los. Wa wurdt by de bysûndere edysje fan dit jier de kampioen? Yn it programma fan sneon is ek in tal nijsgjirrige items te sjen.
Hynstekeuring 2021 by Omrop Fryslân
- 14 & 15 jannewaris fan 9.30 oere ôf fia de online livestreams
- 16 jannewaris fan 9.00 oere ôf op telefyzje en fia de online livestreams
- 16 jannewaris om 21.00 oere en 17 jannewaris om 09.00 en 11.00 oere in kompilaasje op tv, jûns ek noch in koartere kompilaasje fan 17.30 oere ôf
- It tv-programma Hea! sjocht foarút op de Hynstekeuring mei reportaazjes oer ‘hynstefamke’ Anna Maaike Fokkema en hynst Beart 411. Yn oare programma’s en online binne ek moaie ferhalen om de Hynstekeuring hinne te hearren en te sjen, bygelyks oer foarbringers.
Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op Omropfryslan.nl/hynstekeuring. Mear ynformaasje oer it programma fan de Hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje