Wykoersjoch GGD Fryslân 1 o/m 7 jannewaris 2021

jannewaris 11, 2021 10:00

Tal koroanabesmettingen yn Fryslân yn earste wike jannewaris 2021 bytsje tanommen

It tal nije besmettingen mei de koroanagoarre is de ôfrûne wike licht omheechgien. Yn de earste wike fan it nije jier kamen der 1696 nije gefallen by, krekt wat mear as de 1658 fan de lêste wike fan 2020. De swierdere maatregels hawwe noch net genôch effekt. De GGD Fryslân hat dêr grutte noed oer. Leafst 3600 meiwurkers út fersoargings- en ferpleechhuzen hawwe har meld foar it faksin.

Foto: pixabay.com

De ôfrûne wike rekken hast 400 minsken besmet yn de âldens fan 18 oant 30 jier. Dat is goed in treddepart mear as in wike earder. De GGD Fryslân hat dúdlike sinjalen dat de ekstra besmettingen in gefolch binne fan feestjes mei de jierwiksel. It giet foar in grut part om jongelju op Skylge. Dêr blieken de ôfrûne wike 41 de sykte skipe te hawwen.

234 santichplussers binne de ôfrûne wike troffen troch it firus, dat is 11 persint mear as in wike earder. Yn ferpleech- en fersoaringshuzen rekken 105 bewenners besmet, krekt wat mear as yn de wiken derfoar. It oanpart fan de groepen tusken 40 en 60 jier waard wat minder. De besmetliker Britske fariant fan it firus dy’t ferline wike by in ynwenner fan Fryslân konstatearre is, is hjir fierder net oantroffen. It is noch ûndúdlik hoe’t dy persoan dy fariant skipe hat.

Oanmeldingen foar faksinaasje
De Fryske sikehuzen binne ôfrûne wike úteinset mei it faksinearjen fan personiel. De GGD Fryslân begjint dêr op 15 jannewaris yn WTC Expo yn Ljouwert mei. Dêr komme meiwurkers fan ferpleechuzen en lytsskalige wenfoarmen, meiwurkers beheindesoarch en meiwurkers wykferpleging en Wmo. Oant no ta hawwe har goed 3600 soarchmeiwurkers meld foar in prip. Noch net elkenien út dy groep is útnûge troch it RIVM. Underwilens hawwe 900 minsken oanjûn helpe te wollen mei it faksinaasjeprogramma.

De GGD seit dat it faksinearjen in wichtige stap is om sûn te bliuwen, it firus werom te kringen en dêrtroch mear bewegingsfrijheid te krijen, mar dat it dochs, foar wa’t faksinearre is, fan belang bliuwt om út foarsoarch ôfstân te hâlden en him of har teste te litten by klachten. It is noch net bekend oft en hoe’t ien nei faksinaasje it firus dochs noch skypje kin en trochjaan kin sûnder sels siik te wurden. De kommende tiid moat dêr mear helderheid oer ûntstean.

Sifers
It tal testen naam de ôfrûne wike wer ta. By de seis Fryske GGD-lokaasjes lieten 11.204 minsken har kontrolearje, sa’n 500 mear as in wike earder. Ofrûne wike is it ferstjerren fan santjin minsken mei it firus trochjûn oan de GGD. Acht minsken moasten yn de Fryske sikehuzen opnommen wurde. Mei de 1696 positive testen fan ôfrûne wike hawwe no 16.472 ynwenners fan Fryslân de koroanasykte skipe.

Gemeenten
Utsein op Skylge (fan 9 oant 41 positive testen) naam it tal besmettingen ek yn benammen Opsterlân en Tytsjerksteradiel flink ta. Yn fiif gemeenten rûn it tal werom. It tal nije positive testen yn de gemeenten yn de ôfrûne wike (sân dagen): Súdwest-Fryslân 310, Ljouwert 295, Noardeast-Fryslân 129, Smellingerlân 126, Waadhoeke 125, It Hearrenfean 113, Tytsjerksteradiel 109, Achtkarspelen 92, Opsterlân 81, De Fryske Marren 79, Dantumadiel 75, Weststellingwerf 50, Skylge 41, Eaststellingwerf 36, Harns 26, Flylân 5, It Amelân 4 en Skiermûntseach 0.

jannewaris 11, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.