Strangere nijbouregels om Welsktaligens te behâlden
Resint ferskynd
Hoewol’t it Europeeske Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden oerheden ferbiedt om maatregels te nimmen dy’t de befolkingsgearstalling feroarje as dat op kosten fan de regionale taal en kultuer giet, binne der net folle oerheden dy’t dêr wier rekken mei hâlde. Wales is in útsûndering, mar it pro-Welske belied is net effektyf genôch, sa seit de Welske politikus Elwyn Edwards.
Edwards is lid fan de gemeenterie fan Llandderfel, in lytse plattelânsgemeente yn it noarden fan Wales. Neffens him buorket it Welsk yn de regio hurd efterút troch lokaal belied dat gjin rekken hâldt mei de taal en kultuer.
Dat seit er net samar. Hy hat ûndersocht hoe’t gemeenten en greefskippen hifkje oft besluten skea dogge oan de taal en kultuer fan de streek. Dêrby hat er mar leafst santich ferskillende manieren fûn om dat nei te gean. Meastal litte de oerheden it oan de oanfreger oan om sels oannimlik te meitsjen dat har plannen net skealik binne. As der mar wat op papier stiet, wurdt it neffens Edwards altyd goedkard.
As foarbyld neamt er de tastimming dy’t syn eigen gemeente, Llandderfel, oan hûseigners jaan wol om har hûs as fakânsjewente te ferhieren. Neffens him is it min foar de Welsktaligens en de mienskip as dat tastien wurdt.
Op dat stik fan saken hat er wilens stipe krigen fan it Welske regear. Minister fan folkshúsfesting Julie James hat tasein dat se tasjen sil op strangere regels foar it ferhieren fan eigen wenten.
Edwards wiist ek op in grut nijbouplan yn Bangor, dêr’t de projektûntwikkelder ek net dúdlik makke hoe’t foar te kommen wie dat dat in Ingelsktalige enklave wurde soe.
Neffens Edwards moatte gemeenten en greefskippen by nijbouplannen easkje dat de projektûntwikkelders yn alle gefallen antwurd jouwe op seis fragen:
* Hoefolle ymport is der yn de ôfrûne fiif jier yn it plak by kommen en hoefolle minsken binne fuortgien?
* Hoefolle minsken út it plak sels steane op ‘e wachtlist foar in wente?
* Wat sille de huzen kostje en hoe ferhâldt dy priis him ta wat yn de streek gebrûklik is?
* Wat fertsjinje de minsken yn de streek?
* Hoe sterk stiet de taal yn it plak?
* Hoefolle fakânsjewenten binne der al yn de gemeente?
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje