Skilderij fan Noardeast-Fryslân tydlik nei it Ryksmuseum

jannewaris 29, 2021 08:51 Fernijd

It skilderij ‘Maaltijd met Julius Schelto van Aitzema, Sara van der Broek, gasten en bedienden’ fan de gemeente Noardeast-Fryslân is woansdei nei it Ryksmuseum ferfierd.

‘Maaltijd met Julius Schelto van Aitzema, Sara van der Broek, gasten en bedienden’ fan Gerard Wigmana, 1697 (boarne: Gemeente Noardeast-Fryslân)

Fan 12 febrewaris oant en mei 31 maaie is it skilderij te bewûnderjen yn in útstalling fan it Ryksmuseum yn Amsterdam. It is ien fan de topstikken fan de gemeente Noardeast-Fryslân. It wurdt tydlik útliend oan it museum. It tema fan de útstalling is ‘Slavernij’. Nederlân hat yn it ferline in grutte rol spile yn de slavernij, en sels yn Dokkum binne dêr spoaren fan werom te finen.
It skilderij hat faker útliend west oan in museum foar in útstalling fan lanlik of ynternasjonaal nivo.

De útstalling is al in kear ferskood fanwege it koroanafirus. Mear ynformaasje is te finen op www.rijksmuseum.nl/nl/zien-en-doen/tentoonstellingen/slavernij.

Fia www.rijksmuseum.nl/nl/thuis binne foarstellingen digitaal te belibjen.

jannewaris 29, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.