Simone Djurrema: Samar in dei

jannewaris 16, 2021 20:00 Fernijd

Kollum

De snie jaget om it hûs hinne wylst ik op dizze moandeitemoarn de laptop foar it ljocht helje om de kollum te skriuwen. Ik sko de kat oan ‘e kant en gean op in skieppeflues sitten. It is in prachtich gesicht bûten no’t alles wyt is. Ik moat sa no en dan mar efkes nei bûten sjen, want neffens de berjochten giet it aanst oer yn rein. Dan wachtsje ik mei kromme teannen oft net alle snie fuort reint, want it sil letter wer frieze. As der dan noch wat leit, is it miskien wol izich, mar dat makket foar it each neat út. Dan is it sa moai wyt bûten. Jûn sil it wer snije, dat der is hoop!

It is mar wêr’t je je drok om meitsje no?

Ik sil ût de efterdoar wei in foto foar jimme meitsje. It komt der neffens my net sa moai op as yn it echt, it is net te sjen dat it snijt, mar foarút. Jimme moatte it der mar mei dwaan.

Foto © Simone Djurrema

Hindrik komt deryn. Hy kin efkes net trochgean mei timmerjen yn ‘e skuorre, want ús famke, dy’t dêr har appartemint hat, sil online mei in learaar prate. Dêr kin se fansels net sa’n leven by hawwe. Hy is oan de ‘coronatoa’ begûn te bouwen. In lyts toiletgebouke mei dûs, wc en wasktafel, sadat de fakânsjegongers harren eigen spultsje hawwe kinne. Komme se fan ‘t simmer mei in caravan of tinte, dan kinne se mar koroana ôfstân hâlde. Dan kinne se de hiele fakânsje yn karantêne. Wy kinne wol boadskippen foar harren dwaan as se dat wolle, en der is genôch te dwaan yn ‘e natuer hjirre. Miskien doare Friezen de reis oan, en oars komme der wol Sweden.

Wy hawwe net in echte camping, mar der is rêst en romte en gelegenheid om ôf te waskjen, te dûsen en nei de wc te gean en wy hawwe trije kreaze caravans foar famylje, freonen en kunde. Dy’t oant no ta west hawwe, ha it tige nei it sin hân. Wy hawwe betocht dat wa’t fia fia komt, ek wolkom is, dan kinne we de ynvestearringen der wat úthelje mei in ûnkostefergoeding, en as it al begjinne soe te rinnen, meitsje we it dan wol offisjeel.

It stooffleis stiet op, ik hie neat op it pûdsje skreaun, mar it wie in pracht stikje fleis. Alle kearen tink ik dat ik it wol ûnthâlde sil sûnder op it pûdsje te skriuwen wat it is, mar dat slagget dus net. It koe ek noch wol ris eland wêze. It rûkt yn alle gefallen tige goed.

Foto © Simone Djurrema

O, wachtsje Simone Djurrema: Samar in deiefkes, de waskmasine is klear. Efkes ophingje. Hindrik set wer ôf nei it hok. De iene hûn leit heal ûnder it gerdyn, de oare, âlde hûn leit ûnder de tafel. Se snoarket. Of se pipet. Om de pear minuten kin dat feroarje, dan tink ik, wat is dat no wer! En dan is it wer in nij gelûd fan ‘e hûn. Se is ek al fyftjin, dan mei dat. No wer fierder skriuwe.

Om de krystdagen hinne haw ik in hiel protte wurke. Dan kriget men aardich mear betelle, dat ik tocht dat ik der mar by wêze moast as opropkrêft. No is it wer rêstich en kin ik mei it húswurk oan ‘e gong. Freed haw ik eksamen en is dit nivo fan de Sweedse taal ôfsletten. As ik trije nivo’s haw is dat goed genôch om nei de universiteit te gean. As ik dat wolle soe teminsten. Ik tink dat ik mar in beropsoplieding kies te fergelykjen mei it hbo. Mbo bestiet hjir net. Dat wurdt gelyk lutsen mei in soarte fan GT (gemengd theoretisch, mafû-nivo). Dêr stie ik dan mei myn twa ferskillende mbo-opliedingen nivo 4. Dy binne blykber neat wurdich hjir. En dat myn âlde baas sei dat ik in hbo-wurk- en tinknivo haw, betsjut ek net safolle: noch nea ien dy’t nei Nederlân belle hat om it te kontrolearjen. Hiene se dat mar dien!

Mar ik set troch! Ik haw genôch wurk, dat wy rêde ús skoan. Miskien kin ik my der nochris by dellizze dat ik der neat oan fyn, en oars fyn ik grif noch wolris wat oars, mei of sûnder stúdzje. As ien fan jimme wat nei Sweden eksportearje wol en in fertsjintwurdiger brûke kin, witte jimme my te finen!

Net te leauwen, ik skriuw eins nearne oer en de kollum is al fol. Jimme meie wolris witte litte wêr’t jimme benijd nei binne. Mear oer it deistich libben? Mear oer kultuer? Wat oer fakânsje? Stel de fragen mar, dan kin ik deroer skriuwe. In ynteraktive kollum, dat liket my wol wat.

Ja hear! Ik hear de rein op ‘e ruten kletterjen. Mar hoopje dat net alle snie fuort spielt. No mar wachtsje oant it om in oere of seis wer oergiet yn snie.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
jannewaris 16, 2021 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.