Sealterfryske neislachwurken tenei op ynternet te finen

jannewaris 13, 2021 19:26

Pyt Kramer út Mildaam helpt de Sealterfriezen yn Dútslân mei it tagonkliker meitsjen fan harren taal. Kramer is al jierren yn ’e ban fan it Sealterfrysk. Hy is ek eareboarger fan Saterland, dêr’t noch mar in pear hûndert minsken Sealterfrysk prate. Al Kramer syn wurken oer dy taal steane no op seeltersk.de.

It Sealterfrysk is in oare Fryske taal, fertelt Kramer. Der binne grutte ferskilllen, mar ek wurden dêr’t jo jo as Westerlauwerskfries wol wat by foarstelle kinne. As foarbyld fan ferskillen neamt er in pear wurden: turf is eed, sizze is kweede, tongerje is grommelje en wjerljocht is lai.

Kramer kaam foar it earst yn Sealterlân tegearre mei Sikke Doting silliger. De manlju hiene doe al niget oan it Noardfrysk, ek yn Dútslân. “Dat wy op de fyts nei Sealterlân ta. En wy koene hast gjin Dútsk. De minsken dêr binne o sa gastfrij en se hawwe gefoel foar humor.”

Kramer begûn mei it fêstlizzen fan it Sealterfrysk mei oersettings yn it Westerlauwersk Frysk – sis mar: ús Frysk – om it tagonkliker te meitsjen en te bewarjen foar it neigeslacht.

Taalsaakkundige Henk Wolf, dy’t no ek yn Sealterlân wurket, hat derfoar soarge dat Kramer syn wurdlisten, grammatika, koartsein al syn praktyske dokuminten, digitaliserre binne en no online steane.

Tsjintwurdich wurdt dan wol net folle Sealterfrysk mear praat, mar de taalhâlding hat ek wolris negativer west. Kramer: “Yn de jieren ’80 seine se op de skoallen dat de minsken gjin Sealtersk mear tsjin de bern prate moasten. Der is no safolle feroare. Der binne no minsken dy’t lesjouwe yn it Sealtersk en der is wol ynteresse foar de taal.”

Kramer fynt it moai dat er ek wer minsken ynspirearje kin. En “as minsken der entûsjast foar binne, bin ik entûsjast mei harren. Sa moatte jo libje.”

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 13, 2021 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.