Sealterfriezen hawwe in ‘skûldoek’ ynstee fan in ‘mûlekapke’
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2

foto: macocreaties.com
It Sealterfrysk hie noch net in eigen wurd foar mûlekapke. Dêrom hawwe de kultuerorganisaasje Seelter Buund en ûnderyksorganisaasje Oldenburgische Landschaft in wedstryd útskreaun om ien te betinken.
It winnende wurd is Sküüldouk – ‘skûldoek’ of ‘beskermdoek’ yn ús Frysk. It wurd is betocht troch Felix Fischer. Hy kriget in mûlkapke mei it nije wurd derop. Dêr sille mear fan makke wurde.
By in wedstryd om in Noard-Fryske oersetting te betinken kaam müsdök (‘mûledoek’) as winner út ‘e bus.
It Sealterfrysk en Noard-Frysk binne foarmen fan it Frysk dy’t yn ferskillende parten fan Dútslân praat wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje