Rûnom yn Europa folgje parleminten it Fryske foarbyld
Resint ferskynd
De moasje fan treurnis dy’t de FNP-Steatefraksje yntsjinne hat en dy’t troch de folsleine Provinsjale Steaten stipe waard, kriget neifolging. Rûnom yn Europa ferskynde it nijs yn ‘e media en oeral ûntwikkelje regionale en lanlike parleminten plannen om sa’n selde moasje oan te nimmen.
De moasje fan treurnis wie it útsprekken fan teloarstelling oer it ‘nee’ fan de Europeeske Kommisje tsjin it Minority Safepack. Dat binne njoggen foarstellen fan de Dútske minderhede-organisaasje FUEN, dy’t ûnderskreaun binne troch goed in miljoen Europeanen. De foarstellen hienen as doel om in better Europeesk belied foar lytse talen lykas it Frysk mooglik te meitsjen. It Europeesk Parlemint wie derfoar dat de EU dy foarstellen ynskewiele soe, mar de Europeeske Kommisje wie dêrop tsjin.
De Italiaanske provinsje Súd-Tirol is al in ferlykbere moasje oan it tarieden. Dêr wurdt fanâlds Dútsk praat. Yn Galisië, de Dútsk-Deenske regio Jutlân, it Ongerslân en Slowakije hat de Fryske moasje ek gâns los makke.
Sa moat it, dit is in politieke saak, dy moatte je polityk oanpakke