Ronald de Boer fynt Dútske en Rotterdamske woartels yn ‘Verborgen verleden’

jannewaris 12, 2021 09:22

Ronald de Boer, dy’t as fuotballer de wrâld oer reizge en grutte suksessen boekte mei ûnder mear Ajax, tinkt dat syn famyljeskiednis net folle fierder rikke sil as wat túnkers yn en om it West-Fryske Grootebroek. Ta syn grutte fernuvering – of is it skrik? – ûntdekt er lykwols Dútske én Rotterdamske woartels. En wêrom spilet it wetter sa’n grutte rol yn syn famyljeskiednis en it libben fan syn fjochterige foarfaars?

Ronald de Boer (foto: NTR)

It is te sjen yn de earste fan in nije, achtdielige rige fan it NTR-programma Verborgen verleden. Dêr plúzje bekende Nederlanners nei harren famyljeskiednis út. Fierder yn de rige: Rifka Lodeizen, Diederik Ebbinge, Simone Kleinsma (de 100e ôflevering fan de al tsien jier besteande searje), Merel Westrik, Geert Mak, Danny de Munk en Paul de Leeuw. Alle sneonen om 20.30 oere op NPO 2.

By alle ôfleveringen ferskine eftergrûnferhalen dy’t fersoarge binne troch it CBG | Centrum voor familiegeschiedenis op www.verborgenverleden.nl.

Verborgen verleden is basearre op it Britske format Who do you think you are? en wurdt produsearre troch BlazHoffski ûnder einredaksje fan de NTR. Der wurdt ek gebrûk makke fan de ekspertize fan CBG en de Nederlânske argiven en musea.

Besjoch de earste ôflevering online.

jannewaris 12, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.