Rixt fan ’t Oerd

jannewaris 23, 2021 06:42

Ald folksferhaal

Foto © Matthijs Verkuijl

Yn Bueren, in doarp fan it Amelân, stiet foar it kafee oer in brûnzen byld fan in rûngear mishipt froutsje mei in lantearne yn ’e lofter hân. Dat is Rixt. Ritskemooi wurdt se ek neamd. Moai wat iuwen lyn wenne se mei har soan Sjoerd op it Oerd op ’e romte, yn in soarte fan ferfallen hutte. Se libben dêr as kluzeners.

Yn it doarp kaam se net faak. De minsken dêr wiene bang fan har, dat der waard in soad oer har rabbe. Se soe har mei de duvel ynlitte en tsjoene kinne. By alles dat op it eilân ferkeard gie, wie it neffens de minsken har skuld.

Eins libbe se yn folsleine iensumens yn de iepen natuer. Se fûnen op it strân in soad rommel dat jild opsmiet. Mei dat bútsykjen foarseagen se yn harren libbensûnderhâld.

Benammen yn de tiid fan stoarmen stie se nachts te wachtsjen op it brekslaan fan de skippen. Fan seelju dy’t ferdronken pakte se alles fan wearde ôf.

Har soan Sjoerd woe op in beskaat stuit wol de wrâld yn, as matroas op in skip, dat se bleau allinnich.

Yn de jierren dêrnei waard se stadichoan dwylsinnich. Op in hjerstdei, mei in noardwester stoarm, stie se mei har lantearne op de dunen om skippen te lokjen. Lang om let kaam yn sylskip yn swierrichheden en seach de bemanning de dea ûnder eagen. Doe’t se in skynsel seagen tochten se in feilige haven te sjen. Mar dat gie op ’e kop ferkeard en it skip fleach op de sânbank.

Sa swalke Rixt foar dei en dage oer it strân en seach se net allinnich alderhande guod mar ek de drinkeldeaden tusken de wrakstikken. Ien dêrfan wie har soan Sjoerd, die bliken.

Yn de omjouwing wie in jammerdearlike needgjalp boppe it bolderjen fan de wyn út te hearren. Neffens de oerlevering naam in metershege floedweach harren mei de see yn en is der nea ien weromfûn. Mar by striemin waar hearre de seelju hjoed-de-dei noch hieltyd har stim, dy’t ropt om Sjoe-oe-oe-oerd.

Matthijs Verkuijl

jannewaris 23, 2021 06:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.