Revolúsje yn Yndonezië (dokumintêre)
Resint ferskynd
Yn de trijedielige dokumintêresearje Revolutie in Indonesië giet de Flaamske skriuwer David Van Reybrouck op syk nei de lêste tsjûgen fan de dekolonisaasje fan Yndonezië. Hy kiest dêrby foar in ynternasjonaal perspektyf op dy wrâldskiednis, en giet yn petear mei haadrolspilers, mar ek mei ûnderbeljochte partijen dy’t in rol spilen by dy revolúsje. De searje wurdt fan 20 jannewaris ôf om 22.15 oere útstjoerd op NPO 2.
As skerpsinnich observator jout Van Reybrouck in frisse blik op wat Nederlân lang as foaral eigen skiednis sjoen hat. Njonken Yndoneziërs en Nederlanners praat er mei ûnderbeljochte meispilers. De Japanske soldaten dy’t oer de hiele archipel útstjoerd waarden. De Nepaleeske Gurkha-soldaten dy’t mei it Brits-Yndiaaske leger de opstannige Yndonezyske frijheidsstriders delslaan moasten. Hy sjocht nei de bemuoienissen fan de Britten, Amerikanen en de Feriene Naasjes. Om te einigjen by de koloanjes dy’t ynspirearre waarden yn harren eigen frijheidsstriid troch de Yndoneziërs.
Fjouwer jier lang folgen regisseurs Djoeke Veeninga en Marlou van den Berge de skriuwer yn it tastânkommen fan syn nije boek. Yn de searje gean sjoggers mei Van Reybrouck op aventoer de wrâld oer, nimme se diel oan syn syktocht en moetingen mei tsjûgen. De searje lit ek sjen hoe’t de skriuwer te wurk giet en hoe’t syn nije boek him yn syn holle foarmet.
David Van Reybrouck (1971) is kultuerhistoarikus, archeolooch en skriuwer fan non-fiksje, teäter en poëzij. Syn grutste sukses behelle er mei syn boek Congo. Een geschiedenis (2010). Yn 2020 brocht er it boek Revolusi. Indonesië en het ontstaan van de nieuwe wereld út.
Utstjoering: woansdeis 20 en 27 jannewaris, 3 febrewaris om 22.15 oere by de NTR op NPO 2
Mear ynformaasje: ntr.nl/Revolutie-in-Indonesie
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje