Resept: Fryske dúmkes

jannewaris 3, 2021 17:00

Yn 2021 sette we op It Nijs útein mei in nije rubryk: Fryske resepten. Te begjinnen mei in tradisjonele Fryske swietekau mei anys: Fryske dúmkes.

Foto: Aant Mulder

Yngrediïnten:
110 gram hazzenuten
250 gram blom
1 mespuntsje sâlt
150 gram brune bastertsûker
150 gram sêfte bûter
1 teeleppel kanielpoeier
1 teeleppel gimberpoeier
1 teeleppel anyssied
2 aaien

Fierder wat ekstra blom om it oanrjocht mei te bestowen en in stik bakpapier. Ferwaarmje de ûne foar op 160 graden.

– Meitsje de hazzenuten fyn. Dat kin fansels yn in keukenmasine, mar as jo dy net ha, doch de nuten dan yn in plestik pûdsje en slach se fyn mei bygelyks it heft fan in mes.
– Doch de fynmakke hazzenuten, it blom en it sâlt yn in kûm en mjuksje alles trochinoar.
– Meitsje in kûltsje yn it blommingsel en doch dêr de sûker, de bûer, de gimberpoeier, it anyssied en de aaien yn en ketsje alles ta in moai daai.
– Kliem it daai plat. Pak it yn yn plestikfoly en lit it sa’n 30 minuten opstiivje yn de kuolkast.
– Besto it oanrjocht mei blom en rôlje it daai út ta in rjochthoekige plak fan sa’n sintimeter tsjok.
– Snij der moaie blokjes út fan sa’n 2 by 4 sintimber (sis mar it formaat fan in tomme).
– Lis de blokjes op in bakplaat dy’t mei bakpapier beklaaid is en bak se yn de ûne yn sa’n 20 minuten gear.
– Lit de koekjes in bytsje ôfkuolje en meitsje der dan in ôfdruk yn mei jo tomme.
– Dan fierder ôfkuolje litte op in roaster en klear binne de dúmkes! Lekker ite!

Dit resept fan Folkje Koster komt út tydskrift De Nije, jiergong 2, nûmer 1.

Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

jannewaris 3, 2021 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.