Resept foar potstro

jannewaris 17, 2021 16:30

Potstro mei stip is in streekgerjocht út Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel.

Yngrediïnten:

Boekweitengrôt (foto: Wikipedia/Mariluna – CC BY-SA 3.0)

– 1 liter molke of sûpe
– 180 gr. boekweitengrôt
– snúfke sâlt
– 200 gr. rikke spek
– sjerp

Sied de molke en doch it sâlt derby. Doch no it boekweitengrôt derby. Lit de brij 15 minuten trochsiede. Snij foar it spekfet it spek yn dobbelstientsjes en bak it út.

Doch in poarsje potstro op it itensboard, meitsje der mei in leppel in kûltsje yn en folje dat mei spekfet en spekjes. It gerjocht kin oergetten wurde mei sjerp.

Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

jannewaris 17, 2021 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.