Resept foar boffert

jannewaris 31, 2021 16:30

Boffert is een bôle-eftich boeregerjocht. It wurdt yn Fryslân en Grinslân iten, foaral as haadgerjocht en soms as neigesetsje, meastal yn ’e winter om’t it in nochal swier miel is.

Boffert (foto: Wikipedia/Aiko – publyk domein)

Yngrediïnten:
– 100 gr. wetenmoal en 100 gr. boekweitenmoal of 200 gr. blom fan moal
– 1 aai
– likernôch 2 dl. lije molke
– 200 gr. gêst
– 5 gr. sâlt
– evt. 100 gr. krinten en rezinen
– panearmoal
– in bytsje rizel of bûter

Meitsje in gêstbeslach. Doch dêrfoar it moal yn in kom, meitsje yn ’e midden in kûltsje, brek dêr it aai yn, doch it gêst derby, dat mei wat brune sûker of mei wat lije molke glêdrierd is. Doch in part fan de oare lije molke derby. Rier no, út it kûltsje wei begjinnend, mei in houten leppel, it moal dat deromhinne sit by de floeistof. Ferming alles ta in stevich beslach yn likernôch seis minuten. Rier de rest fan de molke der dan troch, eventueel mei de wosken krinten en rezinen. Lit it beslach yn trije kertier rize.

Doch de massa yn in tulbânfoarm, of yn in rûn, izeren pantsje, dêr’t wat rizel of bûter yn raand is. Lit dy earst yn de foarm of yn it pantsje omrinne, sadat it fan binnen oeral goed fet is. Bestrui de foarm mei panearmoal. Set de boffert yn ’e ûne mei in protte ûnderwaarmte om gear te wurden, foar likernôch ien oere. Lit him it lêste kertier boppe yn de ûne brún wurde. Jou der bûter en sûker by.

De boffert kin mei of sûnder krinten en rezinen klearmakke wurde. Yn East-Fryslân wurdt boffert wol mei waarme parren iten. Sjoch dit berjocht op Facebook.

jannewaris 31, 2021 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.