Rely-priisfraach wer los

jannewaris 29, 2021 11:10

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin oant en mei 9 maaie in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym. Der kinne maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroand wurde. Alle bekroande ferhalen en gedichten wurde honorearre mei € 1000. De sjuery bestiet dit jier út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente dêr’t Relys bertedoarp Jellum no yn leit; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.

jannewaris 29, 2021 11:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.