Reboelje yn Brussel

jannewaris 13, 2021 20:31

Twitterbylden fan ‘e reboelje yn Brussel

Hûnderten minsken wiene woansdeitemiddei yn ‘e Brusselske dielgemeente Schaarbeek dwaande mei it fernielen fan winkels, auto’s en strjitmeubels. Der waard brânstifte en de reboeljemakkers smieten bommen nei de plysje ta. Op syn minst ien persoan is ferwûne rekke.

De reboelje die him foar yn ‘e omkriten fan stasjon Brussel Noard. Der wie in soad folk op ‘e lappen en de minsken hâlden gjin oardel meter ôfstân faninoar.

Nei in pear oeren koe de plysje de kliber mei wetterkanonnen útinoar driuwe. Mear as hûndert minsken binne arrestearre.

De reboelje ûntstie út wat earst in demonstraasje tsjin ‘e plysje wie. De demonstranten beskuldigen de plysje fan de dea fan Ibrahima Barrie, in man dy’t sneon koart nei syn arrestaasje ferstoarn is. Hy wie oansprutsen troch de plysje en naaide doe út. De plysjes setten him nei en hy bliek drugs by him te hawwen. Doe’t er pakt wie, rekke er bûten wêzen. De plysjes hawwe besocht om him te reanimearjen, mar dat slagge net. De man ferstoar justjes letter yn it sikehûs.

jannewaris 13, 2021 20:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.