Raket fan Boeing 747 ôf lansearre

jannewaris 19, 2021 08:50

Satellyt (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

It is it Amerikaanske romtefeartbedriuw Virgin Orbit snein slagge om in raket fan in fleanende Boeing 747 ôf de romte yn te lansearjen. Op in hichte fan likernôch tsien kilometer waard de raket fan it fleantúch ôfkeppele. Mei de raket waarden tsien satelliten fan NASA yn in baan om de ierde brocht.

It is de bedoeling dat Virgin Orbit, it romtefeartbedriuw fan sakeman Richard Branson, meidwaan sil op de kommersjele merk om satelliten yn in baan om de ierde te bringen. SpaceX fan Elon Musk is no de bekendste spiler. Oare romtefeartbedriuwen lansearje in raket fan de grûn ôf, wat dat oangiet is de manier fan wurkjen fan Virgin Orbit oars.

It bedriuw is tige optein oer de slagge misje en sprekt yn de parse fan in “ideale” lansearring. Acht moanne lyn mislearre de earste demonstraasjeflecht noch.

jannewaris 19, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.