De basis fan religy

jannewaris 3, 2021 07:00

Oertinking troch Pyt Kramer

Okkerjiers frege in goekunde my: “Ben je gelovig?” Dêr moast ik lang oer neitinke, mar doe sei ik: “Net mei myn ferstân, mar wol mei myn gefoel.”

Letter haw ik dêr noch fierder oer prakkesearre en dan realisearret men jin, it gefoel te hawwen jins leave ferstoarnen wer te sjen. En soms is dêr de strieljende leafde, dy’t jin bliid makket. Sa sille dus de minsken yn it paradys ek libbe hawwe, lykas no noch de bisten. Sa de kat dy’t hieltyd noch nei it plak giet dêr’t er syn maat moete, al is dy ek allang dea.

No haw ik gjin tsjerklike opfieding hân, mar ús mem hat wol de bernebibel mei my trochnommen. En sa wit ik dat Adam en Eva yn it paradys libje mochten oant hja ieten fan de beam fan kennis fan goed en kwea. Sa sil it mei de measte minsken ek gien wêze; se begûnen nei te tinken en sa kamen se ta de konklúzje dat al dy moaie gefoelens yn har holle net wier wêze koene.

Mar doe kamen de apostels om har te rêden, oant sels Gods Soan ta. Dy learden de minske om te gean mei dat bittere besef en joegen har útsicht op ’e himel.
Dochs yn ûnderskate parten fan ’e wrâld gie dat ûngelikens en dat late ta eangst en bittere konflikten.
En doe kaam wer by hieltyd mear minsken it ferstân, dat sei dat al dy moaie foarsizzingen net wier wêze koene. Sa ûntstie de ûntsjerklikens.

Hjoed-de-dei komme wy wer yn in nije tiid. Hieltyd nije ûntdekkingen leare ús hoe beheind oft ús tinken noch mar is. Us molkweistelsel fan tûzenen ljochtjierren kinne wy lang net oersjen. En dochs is dat mar in lyts flokje yn it hielal. En sa sille wy it net witte, as wy ús leave deaden net wer sjen soene.

Molkweistelsel. Boarne: pixabay.com

Ik bin benijd hoe’t dy nije wrâld der aanst útsjen sil. Alle religys kinne aanst yn frede neistinoar bestean, want as God almachtich is, dan kinne tûzen wierheden tagelyk bestean. Dat wurdt dan sels troch ús lytsminsklike wittenskip net mear oantaast. Dan hoege oanhingers fan ien godstsjinst ek gjin noed mear te hawwen dat dy oare godstsjinsten of de wittenskip har fêstichheden oantaaste sille. En dêrmei kinne dy skriklike uteringen fan haat ferfalle.

jannewaris 3, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga jannewaris 4, 16:12

    De goaden dy’t oanhinget wurde bestean allinnich yn ‘e tinzen fan de minsken. It is allegearre betocht en de bibel is in gewoane ferhalen boek.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.