PvdA Ljouwert stelt skriftlike fragen oer mooglike sluting NS-baly
Resint ferskynd

Stasjon Ljouwert (foto: Wikipedia/Bouwe Brouwer – CC BY-SA 3.0)
De PvdA-fraksje yn Ljouwert hat oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders skriftlike fragen steld oer it foarnimmen om de NS-servicebaly op stasjon Ljouwert te sluten.
De fraksje wol witte wat de konsekwinsjes binne foar de bewenners fan de gemeente Ljouwert en hoe dreech oft dat foar de kwetsberen wêze soe. In alternatyf dat neffens de PvdA ûndersocht wurde moat, is om treinkaartsjes en abonneminten aanst by de Kiosk of by de bewekke fytsestalling te ferkeapjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje