Provinsjale Steaten sprekt Europeeske Kommisje strang ta

jannewaris 21, 2021 10:57

FNP-Steatelid Sybren Posthumus

Wy binne net lilk, mar wol teloarsteld. Dat wie likernôch it boadskip fan Provinsjale Steaten fan Fryslân oan ‘e Europeeske Kommisje. De Fryske folksfertsjintwurdigers binne der min oer te sprekken dat it bestjoer fan ‘e Europeeske Uny nee sein hat tsjin in rige foarstellen fan minderhede-organisaasje FUEN.

Mear as in miljoen minsken hawwe yn in petysje oan it Europeesk Parlemint frege om de ideeën fan FUEN te bepraten. Dat is dien en in mearderheid fan ‘e Europeeske folksfertsjintwurdigers wie tige optein oer dat saneamde Minority Safepack, dat ûnder mear ynhâldt dat der in aparte subsydzjepot foar lytse talen komt en dat der mear ûndersyk dien wurdt nei hoe’t men lytse talen yn libben hâlde kin.

De Europeeske Kommisje loek him dêr lykwols neat fan oan en hat te witten dien dat it neat dwaan sil mei de plannen. It Fryske FNP-Steatelid Sybren Posthumus wie fan betinken dat de kommisje dêrmei “skea docht oan de demokratyske legitimiteit fan de EU” en hat in ‘moasje fan treurnis’ yntsjinne. Alle fraksjes yn ‘e Fryske Steaten stipen de moasje.

jannewaris 21, 2021 10:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.