Plannen foar universitêre stúdzje Frysk yn Ljouwert
Resint ferskynd

Campus Fryslân yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Udo Ockema – CC BY 3.0)
As de Ryksuniversiteit Grins syn sin kriget, komt der yn Ljouwert oer twa jier in universitêre stúdzje Fryske taal- en letterkunde. De universiteit wol dy oanbiede yn syn Ljouwerter fêstiging oan de Wurdumerdyk, de Campus Fryslân.
It kin noch wol even duorje foar’t de nije stúdzjerjochting der is. “Dat is in hiel slachbomesirkus, je moatte allegear kommisjes bylâns”, seit perfester Goffe Jensma fan de universiteit. “Yn De Haach moatte se úteinlik tastimming jaan.”
Hegeskoalle NHL Stenden biedt yn Ljouwert in bachelorstúdzje oan dy’t foaral rjochte is op it lesjaan yn it Frysk. De universiteit wol in oplieding op it hegere masternivo oanbiede, dy’t mear wittenskiplik ynsteld is. Jensma seit: “Wy hawwe de ôfspraak dat wy elkoar stypje. Net allinnich kwa jild en minsken, mar ek ynhâldlik. It ien kin net sûnder it oar.”
De nije stúdzje bestiet út fakken op it mêd fan Fryske skiednis, literatuer, taalkunde en Aldfrysk.
Dat soe in boppeslach wêze!