Oxfam: Kleau tusken earm en ryk wurdt grutter troch koroana

jannewaris 26, 2021 10:00

De kleau tusken earm en ryk is noch grutter wurden troch de koroanakrisis. Dat is de konklúzje fan Oxfam Novib yn syn jierlikse rapport oer de ekonomyske ûngelikensens yn de wrâld.

Foto: morguefile.com

De rykste tûzen minsken op ’e wrâld sitte wer op it nivo fan foar de koroanakrisis. It earmste fearn fan de wrâldbefolking sil nei alle gedachten tsien jier nedich hawwe om fan de koroanakrisis te bekommen. Nefffens it rapport nimt de ekstreme earmoed foar it earst yn tsien jier wer ta. Oxfam sjocht ûnder oare nei de list mei rykste minsken op ’e wrâld fan Forbes, data fan de Wrâldbank en hat in enkête holden ûnder 295 ekonomen út 79 lannen.

Neffens Oxfam groeit de ûngelikensens ek tusken manlju en froulju. Froulju wurkje faker op deileanbasis of as útstjoerkrêft. Mei’t yn de soarch mear froulju as manlju wurkje, rinne se neffens Oxfam ek mear risiko om de koroanasykte te skypjen.

Earmere lannen moatte neffens de organisaasje oant 2023 wachtsje foar’t de befolking tsjin koroana yninte wurde kin. Rike lannen keapje soms safolle faksins op dat se harren eigen befolking wol fjouwer oant fiif kear ynintsje kinne en dêrtroch fiskje earme lannen efter it net.

It rapport waard juster presintearre, op de dei dat wrâldlieders en topminsken digitaal gearkamen op it World Economic Forum.

jannewaris 26, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.