Optreden Robert Jan Stips op sneon 30 jannewaris 2021 yn Koarnjum

jannewaris 3, 2021 08:52 Fernijd

Op sneontejûn 30 jannewaris (en by foldwaande belangstelling ekstra op freedtejûn 29 jannewaris 2021) reizget Robert Jan Stips opnij ôf nei terp De Wier yn Koarnjum.

Robert Jan Stips (foto: Bob de Boer Photography)

Yn ’e santiger jierren sukses mei Supersister, toere troch de Feriene Steaten mei Golden Earring, it dak fan Nederlân derôf mei Sweet d’Buster, produsearje fan de suksessen fan Gruppo Sportivo, knipperljochtgearwurking mei Freek de Jonge en… al fjirtich jier troch Europa toere mei de NITS.

Dat is yn in nutedôp eins it muzikale ferhaal fan de Haachske popmuzikant, arranzjeur en produsint Robert Jan Stips (1950). Doe’t de band Supersister (‘She was naked’) yn 1974 útinoar foel, waard Stips fuortdaliks troch Golden Earring frege om as toetsenist mei te dwaan. Hy spile op twa albums mei: Switch en To the Hilt. Mei Bertus Borgers (saksofoanist) formearre er de legendaryske band Sweet d’Buster. Dy groep makke twa elpees: Sweet d’Buster en Friction.

Soloprojekten folgen, muzyk foar telefyzjesearjes, gearwurkingen mei û.o. Freek de Jonge en Bart Chabot. Yn 2003 kaam Stips wer by de NITS, foar it jubileumtoernee ta gelegenheid fan it tritichjierrich bestean fan de groep. Stips wurke mei oan it album 1974. Yn 2017 brocht de NITS in nij album út: Angst en der folge in suksesfolle toernee troch Europa en Nederlân. Yn 2019 waard Angst opfolge troch de cd Knot.

Dy muzikale tûzenpoat toerde yn de ôfrûne perioade mei de teaterproduksje O Die Zee mei de groep Fabelhaft by de Nederlânske teaters lâns. Dêrmei wie er yn 2017 ek te sjen yn De Harmonie yn Ljouwert. In bysûnder muzikaal projekt: yn 2005 begûn er mei ynsidintele solo-optredens. Hy spilet dan in kar út syn mear as 300 ferskes omfetsjende repertoire. Yn 2009 kaam it album Rond út, in dvd en in cd mei trettjin nûmers, opnij arranzjearre, sa’t hy se by de optredens spilet: âld en nij wurk.

Ferline jier wie in fraaie doku oer him te sjen yn it telefyzjeprogramma Het Uur van de Wolf, mei de titel ‘De tovenaar van de Nederpop’. Dêryn ek in protte omtinken foar syn nije ‘Supersister Project 2019’ dat in ferfolch kriget yn 2021.

Op de jûn yn De Wier spilet, sjongt en fertelt Spits oan de piano oer syn wiidweidige karriêre yn de Nederlânske popmuzyk, in bysûnder muzikaal evenemint. Aardich detail: de besiker fan it solokonsert yn De Wier kin alfêst fersyknûmers oanfreegje fia info@stips.nl of bobdeboer@pinupsanddowns.com. (Wol derby sette foar hokker konsert.)

Robert Jan Stips Solo @ Niklaastsjerke Koarnjum
De Wier 5
9056 PM Koarnjum

Sneontejûn 30 jannewaris 2021, oanfang 20.00 oere, tsjerkedoar iepen 19.30 oere
(Eventueel ekstra konsert freedtejûn 29 jannewaris 2021, oanfang 20.00 oere, tsjerkedoar iepen 19.30 oere)
Yntree € 17,50 de persoan
Tagong allinnich nei reservearjen op tel. nr 06 – 54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com.

Foto: Bob de Boer Photography

jannewaris 3, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.