Opropke

jannewaris 12, 2021 13:02

Foto: Wikipedy – publyk domein

Studintes Emma, Iris, Marta en Nova fan Universiteit Leiden / Leiden University ûndersykje foar harren stúdzje kulturele antropology hoe sterk oft de taal ferbûn is mei de Fryske mienskip en hoe’t dat yn ferbining stiet mei it gefoel fan identiteit.

Dêr ha se in fragelist foar makke dy’t eltsenien dy’t yn Fryslân wennet of wenne hat, ynfolje kin. Dogge jim ek mei? Ynfoljen kostet sa’n fiif minuten fan jim tiid. De fragelist is te finen fia dizze link.

Boarne: Praat mar Frysk

jannewaris 12, 2021 13:02
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Ed Knotter jannewaris 12, 13:31

    Der wie net altyd in fakje dêr’t myn antwurd yn paste en fierder:
    In protte taal en skriuwflaters yn de fragelist.
    En dat op universitêr nivo.
    Dat moat better, famkes.

  2. Jabik jannewaris 13, 10:57

    Wer sa’n skothagel dêr’t gjin inkelde wearde oan jûn wurde kin. Wa sit hjir op te wachtsjen?

  3. Jan jannewaris 16, 07:16

    Froulju, jimme binne noch net oan it befreegjen fan oaren ta. Lear earst sels mar ris better te skriuwen.
    * ‘dejinge’ en ‘degene’ binne foarnamwurden dy’t allinne nei persoanen ferwize.
    * ‘komfortabel’ en ‘comfortabel’ binne eigenskipswurden, Se kinne net tapast wurde sa’t jimme dat dogge. Hie mar skreaun ‘dy jo it bêste leit’.
    * de wurden ‘went’, ‘leart’ en ‘ynfloedt’ hiene mei in d einigje moatten.
    Minsken dy’t yn gemeenten berne binne dy’t troch fúzje en weryndieling net mear besteane, kinne neat mei in listke fan de tsjintwurdige gemeenten. Dat koene jimme net betinke fansels, mar jimme mentor is dochs wol folwoeksen?
    Jimme krije dizze opmerkingen nei alle gedachten net te sjen. Wat hie it ienfâldich west en jou ûnderoan de fragelist de mooglikheid om se dêr yn te foljen. Net oan tocht? Benaud foar ferfelende reaksjes?

    Jimme famyljenamme doare jim ek al net te neammen. Dan doch ik it ek mar net.

  4. geart maaie 19, 12:17

    men soe betinke dat it ingelsk hielendal net nedich is.en de opset is ek net sa kreas

  5. sjoerdtsje paulusma augustus 26, 11:31

    bêste reagearders op boppesteande enkête, ast it ‘de famkes’ ôfleare en oermeitsje wolst om har mei Frysk dwaande te hâlden dan foaral sa trochgean, it helpt grif

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.