Oftraap Fryske Boekewike 2021 streekrjocht op telefyzje by Omrop Fryslân

jannewaris 31, 2021 08:52 Fernijd

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021, yn de Ljouwerter Westertsjerke, sil op sneontejûn 6 maart streekrjocht op Omrop Fryslân útstjoerd wurde. Dit jier binne te gast: de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma en de skriuwster fan it nasjonale boekewikegeskink Hanna Bervoets.

Foto: Lucas Kemper

De útstjoering foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes. De Boekewike wurdt holden fan 6 oant en mei 14 maart. Hilda Talsma fiert dit jier har tsienjierrige skriuwersjubileum en is frege om it Fryske kadoboek te skriuwen, dat yn de Boekewike fergees te krijen is by de oankeap fan in boek. Yn gearwurking mei it CPNB wurdt it nasjonale boekewikegeskink, dit jier skreaun troch Hanna Bervoets, ek yn it Frysk útjûn. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting.

Mei de live-útstjoering wol de organisaasje omtinken freegje foar it Fryske boek, om sa lêzers en boekhannels yn Fryslân yn ’e mjitte te kommen. De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt
organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en kultureel moetingsplak De Westerkerk yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies. Yn ferbân mei de koroanamaatregels binne der dit jier gjin kaarten te krijen foar de ôftraap fan de Fryske Boekewike.

jannewaris 31, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.