Oer de demokrasy yn Amearika

jannewaris 7, 2021 13:34

Skilderij fan De Tocqueville (1850), makke troch Théodore Chassériau. Boarne: Wikimedia Commons

Skôging

Op 2 april 1831 liet Alexis de Tocqueville de haven fan Le Havre efter him om op reis te gean. Hy wie 26 jier en op dat stuit rjochter yn Versailles. Mei syn freon Gustave de Beaumont gie er nei de Feriene Steaten om dêr nei de organisaasje fan finzenissen te sjen en him op ’e hichte te stellen fan it politike bedriuw. It wie net om ’e nocht dat de jonge Alexis dêr nijsgjirrich nei wie. Syn oerpake kaam by de reboelje oan de ein fan de achttjinde iuw ûnder de guillotine lykas syn omkes, muoikes, neven en nichten.

De Feriene Steaten wie al in demokrasy en de Tocqueville woe graach op ’e hichte komme fan dat Amerikaanske systeem. Alexis en Gustave reizgen tegearre njoggen moanne troch it lân en besochten finzenissen, biblioteken en se praten mei slaven, Yndianen en Jan en alleman. Wylst Gustave meastal it petear die, makke Alexis in ferslach.

Tusken 1835 en 1840 publisearre De Tocqueville syn De la démocratie en Amérique. Yn 2011 is by Lemniscaat in yntegrale Nederlânske oersetting útkommen, Over de democratie in Amerika. It boek telt krap 1200 siden en wy soene dat wurk tekoart dwaan troch te besykjen hjir in gearfetting te jaan fan alles wat yn dat rike wurk oan ’e oarder komt.

Yn it ljocht fan de rebûlje yn Washington (DC) op woansdei 6 jannewaris dochs in pear sitaten út dat nijsgjirrige boek. “Heel wat mensen in Europa geloven zonder het te zeggen of zeggen zonder het te geloven dat een van de grote voordelen van het algemeen kiesrecht is dat de leiding terechtkomt in de handen van mannen die het publieke vertrouwen waard zijn. Het volk kan zichzelf niet besturen, heet het, maar wenst wel altijd oprecht het goede voor de staat, en zijn instinct laat het vrijwel nooit in de steek als het erom gaat diegenen aan te duiden die door eenzelfde verlangen worden bezield en die het meest capabel zijn om de macht in handen te hebben.”

Der falt gjin goed wurd te sizzen oer de kliber dy’t woansdei it Capitool bestoarme.

En dan komt it, want dan seit de Tocqueville: “Wat mij betreft, moet ik zeggen dat wat ik in Amerika heb gezien, mij niet veroorlooft te denken dat dit zo is.” (side 217)

Der falt gjin goed wurd te sizzen oer de kliber dy’t woansdei it Capitool bestoarme. Nei fjouwer jier in folsleine dwaas as Trump oan it roer, wie dit de apoteoaze. It bestjoer fan dy ynkapabele presidint en syn kriminele optreden by de ferkiezingen feroarsake it oproer. Hy hat it fjoer oanstutsen. Mar der falt mear te sizzen. In 40% fan de Amerikaanske wurkjende befolking fertsjinnet minder as 15.000 yn it jier. It ferskil tusken earm en ryk wie nea sa heech, mei in soad minsken sûnder wurk en in soad dakleazen.

Oer dat ferskil tusken earm en ryk seit de Tocqueville dit: “Wij zien al enkele eeuwen dat de standen gelijker worden en ontdekken tegelijkertijd dat de zeden milder worden (…) De standsgelijkheid en het verzachten van de zeden zijn in mijn ogen dus niet alleen gelijktijdige fenomenen, maar ook feiten die met elkaar samenhangen.” (side 601) Mei oare wurden: soargje derfoar dat de ferskillen tusken minsken yn rykdom en mooglikheden net te grut wurde, want dan hâlde minsken har net mear oan wat fatsoenlik is en leit geweld op ’e loer

Yn de oanrin nei de ferkiezingen fan 2016 hold Hillary Clinton op 9 septimber fan dat jier in taspraak yn de lúkse Cipriane Club yn New York. Ien fan har útspraken wie dat it “foar de helte sneue typen binne dy’t efter Trump oanrinne.” Letter naam se dat “deplorables” werom, mar it kwea hie taslein. Deselde “sneue typen” holpen Trump mei oan de macht. It binne foar in part deselden dy’t woansdeitemiddei ferhaal hellen.

Pier Bergsma

 

jannewaris 7, 2021 13:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne Hoekstra jannewaris 10, 17:27

    It is om jin te besauwen dat sa’n 74 miljoen Amerikanen – sjoch https://fy.wikipedia.org/wiki/Amerikaanske_presidintsferkiezings_(2020) – op in rasistyiske, seksistiske, klimaatskeptyske en boppe-al antydemokratyske liichkont stimd hawwe, 11 miljoen mear as ferline kear. De demokrasy liket minder ûnder druk te stean fan de gauris eange machtige elites as fan de grutte kliber sels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.