Oanpast Sint Piterfeest yn 2021

jannewaris 23, 2021 08:24

Sint Piter yn 2020 (foto: Nynke Beetstra)

Yn ferbân mei de maatregels oangeande it koroanafirus is in tradisjonele yntocht fan Sint Piter yn Grou spitigernôch net mooglik. Op 13 febrewaris sil it dus rêstich wêze op de kaaien. Wol sille yn de Sint Piterwike aktiviteiten holden wurde.

Hoe’t Sint Piter en syn help Aldemar no yn Grou komme moatte, is noch net dúdlik. It Sint Piterkomitee makket it programma foar de Sint Piterwike letter buorkundich yn it Sint Pitersjoernaal. Op 13 febrewaris wurdt in Sint Piterjûn organisearre. Elkenien kin dan út de hûs wei meispylje mei û.o. in rêd fan fortún en bingo. Om mei te dwaan kin elk tsjin dy tiid in tas keapje mei dêryn lotsjes en in bingokaart. Foar de bern fan groep 1 o/m 5 is der op 17 febrewaris Aldemars lettertocht yn it doarp.

Sjoch foar aktuele ynformaasje oer de Sint Piterwike op www.sintpiter.nl.

jannewaris 23, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.