Oanlis Fiskmigraasjerivier hjoed offisjeel úteinset

jannewaris 25, 2021 16:38

Sawat njoggentich jier neidat yn de Ofslútdyk it lêste gat tichtmakke is, is der hjoed begûn mei it meitsjen fan in nij gat yn de dyk. By Koarnwertersân komt in fiskpassaazje dy’t it fisken mooglik makket om fan de Waadsee nei de Iselmar en krekt oarsom te swimmen. Sa kinne se har dan frij bewege nei de gebieten dêr’t se ridzje (fermearderje) en libje wolle, as wie it ek yn Switserlân.

Trekfisken hawwe swiet én sâlt wetter nedich om har fuort te plantsjen en op te groeien. Sûnt de Ofslútdyk oanlein is giet it net goed mei de fisken dy’t de Iselmar yn wolle. Mei miljoenen lizze se yn de Waadsee foar de slûzen te wachtsjen oant der in gelegenheid is om de oare kant te berikken. Se binne no noch ôfhinklik fan it fiskfreonlik spuibeheer dêre. As de Fiskmigraasjerivier der oer fjouwer jier is kinne folle mear grutte en lytse fisken frij hinne en werom fan sâlt nei swiet wetter op it stuit dat se dat sels wolle.

© De Nieuwe Afsluitdijk

Mear as in fiskpassaazje
It is net allinne om de Fiskmigraasjerivier te rêden. Oan wjerskanten fan de dyk sille brakwettergebieten ûntstean dêr’t it wetter op in natuerlike wize mei it tij yn op- en delgiet. Foar in protte trekfisksoarten is de passaazje letterlik fan libbensbelang, mar oare fisksoarten en oare bisten sille der ek baat by hawwe trochdat se troch de nije ferbining better oan fretten komme kinne.

Gearwurkje
Inisjatyfnimmers fan it projekt binne de Waadferiening, Sportfiskerij Nederlân, It Fryske Gea, Koälysje ‘het Blauwe Hart Natuurlijk en NetVISwerk’. De Nasjonale Postkoade Lotterij spilet net min by as it om de sinteraasje giet. De Fiskmigraasjerivier wurdt oanlein troch De Nieuwe Afsluitdijk (gearwurkingsferbân fan de provinsjes Noard-Hollân en Fryslân en de gemeenten Hollands Kroon en Súdwest-Fryslân). Boukonstor Levvel makket foar Rykswettersteat it gat yn de dyk.

Ynternasjonaal foarbyld
Der bestiet ynternasjonaal in soad belangstelling foar it projekt. De ynfloed fan klimaatferoaring op tichtbefolke delta’s nimt oer de hiele wrâld ta. Nederlân lit mei dit projekt sjen dat der oplossingen binne dêr’t feilichheid, behâld fan swiet en sâlt wetter en it ophelpen fan de natuer nau by mei-inoar gearhingje.

jannewaris 25, 2021 16:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.