Nochris oer “It aai fan Dingtiid”.

jannewaris 14, 2021 08:49

Wy hawwe ferlet fan in sterke kennisstruktuer foar it Frysk. Neffens it Dingtiidrapport fan ôfrûne desimber soe dy sterker wurde mei in nij op te rjochtsjen “Kennisberie”.

Fansels folget de Ried fan de Fryske Beweging alles wat te krijen hat mei it Frysk. Wy wiene dan ek ynnommen mei “Op ’e syk nei nije dynamyk”, de lêste advysnotysje fan DINGtiid oangeande de kennisynfrastruktuer fan it Frysk. Lykas DINGtiid sitte wy yn noed oer dat kennisfjild, want yndied: It tal studinten Frysk sakket, der is ferlet fan mear dosinten Frysk, der binne net in protte eineksamenkandidaten Frysk en ek de akademyske tûke fan it Frysk stiet der nuodlik foar.

DINGtiid sjocht as oplossing dat der mear fokus, rezjy en ferbining komt. Soks soe plakhawwe moatte yn in nij op te rjochtsjen kennisberie, mooglik útrinnend op in ‘Kennisried fan it Frysk’. Wy ûnderskriuwe in soad konklúzjes fan dit DINGtiid-rapport. It is lykwols by dizze wichtichste oanbefelling dat wy grutte fraachtekens pleatse. En wy binne net de iennige lyk as blykt út de kollum fan fan Pieter de Groot “DINGTIID hat syn aai lein” (LC 18/12). Freddy Weima, bestjoerslid fan DINGTIID reagearret op dy kollum yn syn “Fryske ynstellings pak it inisjatyf” ( LC 21 desimber). Lykas yn it rapport giet Weima yn syn reaksje net yn op de kearn fan it probleem.

Wy binne it mei DINGtiid iens, dat gearwurking tusken Fryske organisaasjes better is as inoar bekonkurrearje. Earder hat de Ried al gearwurking bepleite tusken hegeskoallen, de Fryske Akademy en Campus Fryslân op mêden as meartaligens en kultuer (Skaadbestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023, juny 2018).

Wol in kennisstruktuer foar it Frysk slagje, dan sil it Frysk
ekonomyske wearde krije moatte yn bestjoer, soarch en ûnderwiis bygelyks.

It is lykwols de fraach oft sa’n nije advysgroep sûnder beslissingsfoech, útfiering en evaluaasje wat taheakje sil oan de mooglikheden dy’t der no al binne. Der is gjin brekme oan kennis en kunde oer it Frysk. Der is wól in grut tekoart oan in effektive ymplemintaasje fan plannen. Soks wurdt nei it betinken fan de Ried net oplost mei in nije praatgroep. Yn de Advysnotysje stiet de ûnderwiisproblematyk sintraal: in ôfnimmend tal studinten, dosinten, eineksamenkandidaten en jonge ûndersikers. Neffens de Ried net yn it foarste plak feroarsake troch te min gearwurking yn it Fryske ûnderwiisfjild, mar troch de beheinde funksje fan it Frysk yn alle sektoaren fan de Fryske maatskippij troch de monopoaljeposysje fan it Hollânsk yn eigen taalgebiet.

Wol in kennisstruktuer foar it Frysk slagje, dan sil it Frysk ekonomyske wearde krije moatte yn bestjoer, soarch en ûnderwiis bygelyks. It Frysk is sels yn it ûnderwiis gjin funksje-eask foar learkrêften en by de provinsje net foar de amtners. Boppedat is it Frysk amper sichtber yn it deistich libben. It is net om ’e nocht dat de Twadde Keamer dat lêste ûnderwerp oan ’e oarder stelde yn it oerlis op 9 desimber 2020 mei minister Ollongren.

De Ried hat ûndertusken en oan DINGTIID en oan de provinsje in reaksje jûn op it DINGtiid rapport. Dêroer tenei mear.

Pier Bergsma
Ried fan de Fryske Beweging

jannewaris 14, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.