Nije skiednissearje oer politike lieders yn Nederlân
Resint ferskynd
Op freed 8 jannewaris set by de NTR de sândielige skiednissearje De strijd om het Binnenhof útein, oer politike lieders dy’t in krusjale rol spile hawwe yn de skiednis fan de demokrasy yn Nederlân. Presintator is Wouke van Scherrenburg.
Wouke van Scherrenburg, dy’t jierrenlang as polityk ferslachjouwer in fertroude ferskining op en om it Binnenhof wie, nimt de sjogger mei yn de libbens fan:
8 jannewaris: Jacoba van Beieren
15 jannewaris: Johan van Oldenbarnevelt
22 jannewaris: De bruorren De Witt
29 jannewaris: Rutger Jan Schimmelpenninck
5 febrewaris: Johan Rudolph Thorbecke
12 febrewaris: Pieter Jelles Troelstra
19 febrewaris: Pim Fortuyn
Libbens dy’t tekene waarden troch striid om de macht en persoanlike tragyk.
Kombinaasje fan dokumintêre en drama
Wat De strijd om het Binnenhof ûnderskiedt fan eardere searjes is de foarm: net earder waard dokumintêre mei drama kombinearre.

It houlik fan Jacoba fan Beieren mei har neef Jan IV fan Brabân rûn op in drama út (byld: © Ryksmuseum Amsterdam)
Yn eltse ôflevering is nammentlik ek te sjen hoe’t in krusjaal barren út it libben fan de haadpersoan dramatisearre wurdt troch senarist en regisseur Niek Barendsen en akteurs as Pierre Bokma, Lies Visschedijk, Minne Koole, Gijs Scholten van Aschat en in protte oaren.
Utstjoering: fan 8 jannewaris o/m 19 febrewaris, alle freeds om 22.10 oere op NPO 2.
Ekstra: online rûnliedingen mei Alexander Pechtold en Charlotte Nijs
Njonken de telefyzjesearje makket de NTR in ynteraktive webside dêr’t men omswalkje kin yn de romten fan it Binnenhof, ûnder lieding fan âld-politikus Alexander Pechtold en polityk ferslachjouwer Charlotte Nijs: binnenhofonline.nl. Sa binne der û.o. de online rûnliedingen ‘Kunst met Pechtold’ en ‘Wat gebeurt er met je stem?’ troch Charlotte Nijs. Binnenhofonline.nl is fan 8 jannewaris ôf live.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje