Nije saaklik lieder Frysk Strjitfestival

jannewaris 1, 2021 08:52

Natasja Kesteloo is fol entûsjasme úteinset as de nije saaklik lieder fan it Frysk Strjitfestival. De eardere ‘heit & mem’, lykas produksjelieder Wiebe Kootstra en saaklik lieder Margret Havinga faak út de gek troch de ploech neamd waarden, hawwe yn 2020 ôfskie naam.

Natasja Kesteloo (foto: Guido Hibma)

Hja spilen in wichtige en ferbinende rol yn it tiim, mar nei jierrenlange belutsenheid, hawwe de beide rotten yn it fak besletten om harren berntsje los te litten en harren festivalwurksumheden oer te dragen oan de nije garde. Mei Natasja Kesteloo derby bestiet it kearntiim no út artistyk lieder en strjitteaterprogrammeur Léonie Dijkema, muzykprogrammeur Titus van ’t Veer, marketing- en kommunikaasjekoördinator Fredau Buwalda, projektstiper Gretha Bakker en, ek nij yn it kearntiim, technysk produsint Olaf Hansson.

Natasja Kesteloo
Natasja is in beflein projektmanager, ûndernimmer en netwurker. Mei har bedriuw Kesteloo Projektmanagement en (Sports) Events organisearret sy al jierren eveneminten. Hja wie ûnder oare behelle by Culture United, Sports for All Games, iepening 11-Stêdehal, Hout-Vaert, 100 jier Fryslân Campina, 100 jier Vriesco A House of Happiness en de Dei fan de Mantelsoarch. Hja is (dieltiid) direkteur by Stichting Beleef en Herinner, dy’t yn Fryslân maatskiplike projekten as spektakelmusical De Tocht inisjearret, en as bestjoerder ek behelle by de Keninklike Wettersportferiening Snits.

jannewaris 1, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.