Nije roman Jetske Bilker: ‘Spegel en sonde’
Resint ferskynd
By útjouwerij Bornmeer is fan ’e wike Spegel en sonde, de nijste roman fan Jetske Bilker, ferskynd.
As toskedoktersassistinte Doutsen (frou, mem en minneres) in nije baas kriget, giet der ynienen in soad mis. Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear weromken en geregeld it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean om har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy’t se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy’t Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline?
Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer ûnthâld, de eangst foar alzheimer en famyljebannen.
Jetske Bilker (1960) is auteur fan de roman Imitaasjelear, de ferhalebondel In nacht fan hûs en boekewikegeskink Oar plak oare tiid. Har roman It libben fan in oar waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.
Spegel en sonde is te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.
ISBN 978 90 5615 728 9 | paperback | 304 siden | € 22,50
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje