Nije fideo Museum Belvédère: Olphaert den Otter
Resint ferskynd
De hjoeddeiske útstalling Aarde en Wereld fan Olphaert den Otter yn Museum Belvédère is yn elts gefal ferlinge oant en mei 28 maart 2021.
Yn Aarde en Wereld stiet de ferhâlding tusken minske, natuer en ierde sintraal. Yn ûnderskate rigen fan syn skilderijen ferbyldet Olphaert den Otter (1955) de gefolgen fan it hanneljen fan de minske op syn libbensomjouwing. De monografyske útstalling omfettet likernôch twahûndert wurken.
Wa’t der alfêst mear oer witte wol de koarte film fan fyftjin minuten besjen dy’t it museum makke hat. De keunstner waard filme yn de museumseal en yn syn Rotterdamske atelier. Hy jout eftergrûnynformaasje en fertelt oer syn beweechredenen en ûnderwerpen dy’t him dwaande hâlde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje