Nij floch: Hendrik Werkman
Resint ferskynd
No’t de doarren tydlik ticht binne, presintearret Museum Belvédère flochs. It makke ûnder mear in floch oer de hjoeddeiske presintaasje fan Hendrik Werkman (1882-1945). Werkman wurdt sjoen as ien fan de wichtichste modernisten út Noard-Nederlân.
In elemintêr ûnderdiel fan de presintaasje binne de betide druksels Schoorstenen, Composi, Compositie met gewichten en Compositie, in folsleine rige útjeften The Next Call en ien fan Werkman syn wichtichste skilderijen, Voerman út 1923. Dy wurken waarden troch keunstsamlers Pleun en Mieke van Toledo yn nauwe gearspraak mei it museum oantúgd en yn brûklien foar langere tiid yn it museum ûnderbrocht.
Alle wurken komme út de eardere kolleksje fan arsjitekt en skilder Job Hansen (1899-1960), in freon fan Werkman. Sa waard postuum oan de winsk fan Hansen foldien – en de ferplichting dy’t dochter Caty Hansen foar har heit oer fielde – om dat wurk as groep byinoar te hâlden.
De útstalling bestiet fierder út druksels út alle fazen fan Werkman syn keunstnerskip. De kolleksje Van Toledo jout dan ek in represintatyf byld fan Werkman syn artistike ûntwikkeling. Mei de eksposysje en de útjefte Van Voerman tot Baalschem wol Museum Belvédère in bysûndere Werkmankolleksje yn it sintrum fan de belangstelling sette en oanjaan hokker betsjutting of it mei pasje partikulier sammeljen hawwe kin foar musea. Boppedat is it in earbetoan oan de keunstner dy’t syn persoanlike frijheid fûn yn syn wurk en úteinlik flak foar de ein fan de Twadde Wrâldoarloch by Bakkefean fusillearre waard.
Publikaasje
By de eksposysje fan Voerman tot Baalschem is in yllustrearre publikaasje ferskynd mei teksten fan Ploegkenner Han Steenbruggen, de direkteur-konservator fan Museum Belvédère. Der steane ek bydragen fan Doeke Sijens, Pieter de Hart en Peter Jordens yn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje