Nij boek fan Hein Jaap Hilarides: ‘Beppe Xenia’

jannewaris 13, 2021 11:21

Ofbylding: Hein Jaap Hilarides/Bornmeer

Op 14 jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Beppe Xenia, de nijste roman fan Hein Jaap Hilarides.

Xenia is grutbrocht yn de Drava-delte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.

Hein Jaap Hilarides publisearre earder De trekker fan Troje, diel 3 fan in romansyklus oer de Biltske Wassenaars. Dit boek, Beppe Xenia, is diel 2 fan dy syklus. Diel 1 sil noch skreaun wurde.

Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant.

ISBN 978 90 5615 731 9 | paperback | 240 siden | € 19,90

Beppe Xenia is te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

jannewaris 13, 2021 11:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.