Netflix hat rekôrjier efter de rêch

jannewaris 22, 2021 08:54 Fernijd

It ôfrûne jier hat streamingstsjinst Netflix der 37 miljoen abonnees by krige. It bedriuw hat dêrneist de mylpeal fan mear as 200 miljoen brûkers berikt. Krekt as oare streamingplatfoarms profitearret it bedriuw fan minsken dy’t thús sitte fanwegen de koroanakrisis.

Foto: morguefile.com

De jieromset kaam út op omrekkene 20 miljard euro. Om de mylpeal te fieren, hat it bedriuw wurknimmers sjampanje en konfetty stjoerd. Alle personielsleden wurkje thús en in grut feest is troch de koroanamaatregels net mooglik.

It fjirde seizoen fan The Crown waard op Netflix it meast besjoen: 100 miljoen húshâldens seagen nei de searje. Kostúmdrama Bridgerton en de Frânske searje Lupin binne ek tige populêr. Netflix lit witte dat in protte produksjes wer draaie. It bedriuw hat 500 titels yn produksje of op ’e planke om meikoarten út te bringen.

Benammen Disney, mar ek platfoarmen fan Apple, WarnerMedia en NBCUniversal binne konkurrinten foar Netflix op de streamingmerk.

jannewaris 22, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.