Needopfang foar kwetsbere bern

jannewaris 6, 2021 08:49

Yn Fryslân is in regionale oanpak foar needopfang foar kwetsbere bern. Bern mei in steurnis of in beheining dêr’t al profesjonele stipe foar regele is, kinne no, mei de strange koroanamaatregels, ek opfongen wurde.

Opfang fan bern út kwetsbere húshâldens kin helpe as der thús te folle spanningen en/of problemen binne. Foar dy bern kin it lestich wêze om har goed op it skoalwurk te konsintrearjen. Berne-opfang kin ek helpe om spanningen thús net fierder oprinne te litten., sadat de kâns op ûnfeilige situaasjes tefoaren kommen wurde kin.

De berne-opfang is iepen as needopfang foar bern fan âlden dy’t dêr in kontrakt hawwe en neffens it eigen gebrûklike roaster. Skoallen binne ferantwurdlik foar de opfang ûnder de normale skoaltiden.

Needopfang oanfreegje
De opfang wurdt meastal regele troch de helpferliener dy’t behelle is by it bern en/of de húshâlding. As dy der net is, dan kinne skoalle of de berne-opfang dat beprate mei de húshâlding en opfang oanfreegje by it wyk- of gebietstiim fan de gemeente. Dêr moat de gemeente foar skile wurde.

Advys- en meldpunt Veilig Thuis
By ûnfeilige situaasjes, thús of by in oar, kin kontakt opnommen wurde mei Veilig Thuis Fryslân fia telefoannûmer 0800 – 2000 (fergees). Dêr steane se 24 oeren deis, sân dagen yn ’e wike klear foar advys. Under kantoaroeren kin mei Veilig Thuis fia www.veiligthuis.nl tsjet wurde.

jannewaris 6, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.