Moasje oer leefromte greidefûgels

jannewaris 20, 2021 08:04

De fraksjes fan CDA, FNP, PvdA en VVD yn Fryslân hawwe grutte noed oer de weromgong fan it tal greidefûgels. “Lanlik is der no wol omtinken foar. Dat is moai, mar om fluch antisipearje te kinnen, moatte we no al oan ’e slach”, seit wurdfierder Attje Meekma fan it CDA. De fraksjes tsjinje dêrom hjoed yn Provinsjale Steaten in moasje frjemd oan de dei yn, oer de leefromte fan greidefûgels.

Skries (foto: Wikipedia/Hans Hillewaert – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Yn 2020 kaam ûnder lieding fan Pieter Winsemius in rapport ta stân dat antwurd jaan moat op de minne stân fan de greidefûgel: it “Oanfalsplan Skries”. As reaksje en ferfolch dêrop tsjinne CDA Twadde Keamerlid Maurits von Martels in praktyske inisjatyfnotysje by de Keamer yn, mei de titel “Weidse Blik op Weidevogels”. Yn desimber sei LNV-minister Schouten: “Beide dokuminten komme op in goed momint. Wy kinne der ekstra ympuls mei jaan oan it greidefûgelbelied.” De útwurking fan belied en it debat dêroer yn de Keamer bliuwe lykwols noch hieltyd út.

Mei it greidefûgelseizoen foar de doar fine de yntsjinners fan de moasje dat it no tiid is om op nije mooglikheden foar te sortearjen. Mei’t we yn Fryslân foaral in ferantwurdlikheid hawwe foar de skries (en in protte oare greidefûgels) sil de ynrjochting fan leefgebieten dêr ek safolle mooglik op rjochte wêze moatte. Attje Meekma: “Dêrom moat ek kritysk sjoen wurde nei de natuergebieten. Wêr binne mooglikheden foar greidefûgelbehear yn de besteande natuer en wêr kin it behear better?” En wannnear’t der nije natuer by komt yn Fryslân, sille iepen gebieten safolle mooglik ynrjochte wurde moatte as greidefûgelgebiet, sizze de yntsjinners.  De kollektiven foar agrarysk natuerbehear moatte no de opdracht krije om nei útwreiding fan greidefûgelleefgebieten te sykjen. Mei de mooglikheden ûnder de earm kin de deputearre in berop dwaan op lanlike en Europeeske middels. Dêrneist is it nedich om de druk nei de lanlike oerhei op te fieren om in mear fleksibele predaasjebestriding (behear fan rôfbisten) yn en om de greidefûgelgebieten ta te stean. Juridyske ramten sitte suksesfol greidefûgelbehear op it stuit slim yn ’e wei.

De fraach nei fleksibel predaasjebehear, gruttere leefgebieten en de dêrby hearrende middels wurdt woansdei 20 jannewaris yn Provinsjale Steaten behannele.

jannewaris 20, 2021 08:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.