Minder AstraZeneca-faksins nei Nederlân
Resint ferskynd
Farmaseut AstraZeneca ferminderet de leveringen oan de Europeeske Uny mei 60 persint. Fan de plende 80 miljoen koroanafaksins dy’t de lidsteaten yn it earste fearnsjier krije soene, bliuwe der 31 miljoen oer. Nederlân soe yn it earste fearnsjier genôch doases foar 2,3 miljoen persoanen krije, mar dat wurde der no likernôch 900.000.
It tekoart treft yn Nederlân benammen spuiten foar de thúswenjende sechtichplussers, minsken tusken 18 en 60 jier mei in medyske yndikaasje, wykferpleging en Wmo-personiel. Op in letter stuit ek de rest fan de minsken tusken 18 en 60 jier. In wurdfierder seit dat it komt troch produksjeproblemen yn it fabryk yn België.
AstraZeneca soe ek mear as 80 miljoen doases yn it twadde fearnsjier leverje. In wurdfierder koe noch net sizze oft dy levering ek gefaar rint. Nei alle gedachten jout de Europeeske medisynautoriteit EMA ein jannewaris grien ljocht foar it brûken fan it middel. Nederlân hat in opsje foar yn elts gefal 12 miljoen doases fan it faksin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje