Meie huzen yn Wales in oare namme krije?
Resint ferskynd

It Welske doarp Aberarth. Foto: Google Maps
Meie minsken yn Wales harren hûs in nije namme jaan? It is in kwestje dêr’t op it stuit fûl oer diskusjearre wurdt. It Welske regear hat nammentlik plannen om dat te ferbieden. It doel is it beskermjen fan it histoarysk erfskip.
Postadressen yn it Feriene Keninkryk sitte oars yninoar as dy yn Nederlân. Sa wurdt it hûsnûmer foar de strjitnamme skreaun. Der is lykwols noch in ferskil: men kin it hûs in namme jaan en dy fêstlizze litte by de oerheid. De gemeente giet dan nei oft de namme tastien is. Hy mei bygelyks gjin skelwurden befetsje en der mei yn ‘e buert ek net in hûs mei deselde namme wêze. Is de namme ienris goedkard, dan makket er diel út fan it offisjele postadres. De eigner fan it hûs is dan ek ferplichte om de hûsnamme dúdlik lêsber op ‘e gevel te skriuwen.
Yn in soad gemeenten mei men in besteande hûsnamme wizigje litte. Dat is fansels faak gjin probleem. As der yn it jier 2000 in hûs boud is mei grien pleisterwurk, dat troch de earste eigners Green Cottage neamd is, en de twadde eigners fervje it wyt en wolle it yn 2020 omdope ta White Cottage, dan sil dat de measte minsken neat skille kinne. Oars wurdt it as it hûs út 1800 komt, altyd in Welske namme hân hat en no eigeners kriget dy’t it Our Country Cottage neame wolle.
Nammen fan âlde huzen yn Wales ferwize faak nei it lânskip, nei âlde funksjes fan it hûs of nei âlde lânnammen. In protte Welsklju binne der dêrom net wiis mei dat ymport sokke tradisjonele nammen ferdwine lit. De Welsksinnige partij Plaid Cymru hat in petysje opsteld om histoaryske Welske hûsnammen te beskermjen tsjin feroaringssucht. De petysje is troch achttjin tûzen minsken ûnderskreaun. De minister foar Welske taalsaken, Eluned Morgan, hat te witten dien dat se foarstanner is fan in ferbod op it feroarjen fan âlde Welske hûsnammen. Hja seit: “Ik bin it dermei iens dat it feroarjen fan in hûsnamme tsjin it sin fan ‘e pleatslike befolking, it gefoel jaan kin dat de bân mei de mienskip trochsnien wurdt.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje