Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee (1)

jannewaris 29, 2021 19:05

Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (1)

Foto © Omrop Fryslân

troch Willem Verf

Sûnt septimber 1989 bin ik foarstanner fan in Brede Maatskiplik Diskusje Frysk. De organisaasje fan de Slach-by-Warns-Betinking hie my frege om op it Klif te sprekken. Ik woe earst ôfsizze, soks wie wat foar djipfriezen, net foar in links persoan lykas my. Mar ik naam dochs oan, ik woe dy minsken net teloarstelle, foaral ek omdat it moai wie dat hja ris bûten har wenstige kringen in sprekker sochten. Soks fertsjinne wurdearring. Lykwols: ik woe ’t net ha oer wêr ’t wy as Friezen rjocht op hienen en hoe slim at it wie dat oaren ús dy rjochten net gunden.

Mar by de betinking stiet fansels wol de identiteit fan Fryslân sintraal. It meast beskiedend foar dy identiteit, dat eigene, is it yn libben gebrûk bliuwen fan it Frysk. Dat sil allinne mar kinne as de brûkers fan dy taal har dêrfoar ynsette wolle. Ik realisearre my: de measte brûkers wienen (en binne) har net bewust fan har eigen krúsjale rol foar it fuortbestean fan it Frysk. Dêr siet (en sit) neffens my de oast. En doe betocht ik dat fan dy BMD-Frysk.

Undertoan
Ik wie al jierrenlang op myn manier tige Frysksinnich, mar wat yn 1989 net noflik by my oerkaam fan guon bewegers: de ûndertoan, dat de bûtenwrâld de bedriging is foar de takomst fan it Frysk en de Friezen. Dat ús hjir wat oandien wurdt. En dy ûndertoan is rom trije desennia letter noch faak te hearren. De realiteit is justjes komplekser.

Utsein in inkele apartsma dy’t anno 2021 troch nimmen serieus naam wurdt, is der gjinien dy’t derfoar pleitet om de Friezen har taal ôf te pakken. Ik rûs dat de sympaty foar de taal de lêste jierren earder sterker as swakker wurdt. Sympaty is lykwols net de trochslachjaande faktor foar it oerlibjen fan in taal. Ek yn 1989 twivele ik net oan dy sympaty. Wol naam ik waar dat it Frysk posysje ferlear, nettsjinsteande de doe frij resinte suksessen op it mêd fan formele rjochten. Yn it praktysk gebrûk bleau it in taal foar hûs, hiem en eigen (doarps)mienskip – it tal minsken dy’t har maklik ferbrutsen woeks stadich troch. De efterútgong yn it iepenbier gebrûk wie goed waar te nimmen.

Streamfersnelling
Yn de achter ús lizzende tritich jier is dy efterútgong yn in streamfersnelling rekke. De periodike ûndersiken fan dr. Geert Driessen* ûnder jonge bern op basisskoallen yn Fryslân jouwe in dúdlik byld: yn 2014 prate 22% fan dy bern mei leeftiidsgenoatsjes Frysk. Yn de jierren tachtich wie dat noch mear as 50%. Dus: fierwei de measte jonge bern yn Fryslân prate op stuit Nederlânsk mei leeftiidsgenoaten. En dy bern prate oer tweintich jier net ynienen wol Frysk meimekoar. Taalferlies wurdt soks neamd. Sa wurdt in taal stadich wei.

Dat ús taal terrein ferliest is lykwols net fan de lêste tritich jier. It is in ûntjouwing dêr’t mear as fiifhûndert jier oer hinne gie. En ear’t de taal heulendal ferdwûn is út it deistich spraakgebrûk, geane der noch wol sa’n dikke hûndert jier oer hinne.

Wolle wy feroarje?
It is nimmen syn skuld. Likegoed: wa’t him- of harsels net foar de gek hâlde wol, fernimt dat it Frysk ús stadichoan ûntkomt. De fraach is: wolle wy dêr wier wat oan feroarje? Sa ja, dan sil de mearheid fan de Frysktaligen oars mei har taal omgean moatte. En de oerheid sil belied fiere moatte dêr’t dat oare gedrach troch stimulearre wurdt, belied dat sok gedrach beleanet. Mar wannear’t dy Frysktaligen it net echt wolle, kin de oerheid fan alles betinke, mar komt der gjin feroaring.

Gjinien syn skuld, nimmen bedoelt it ferkeard, der sit gjin plan achter – mar it ûntwikkelet him no ienris sa foar alle minderheidstalen, dat linkendewei ferdwinen. Al fiif-hûndert-trij-en-tweintich jier is it Frysk net mear de fanselssprekkende en dominante taal yn ús kontreien. Want salang ferlyn is it begûn, dat it Frysk terein ferlear.

De tiid fan grutte Pier
Yn 1498 wennen der gâns minder minsken yn Fryslân en dus wienen der gâns minder Fryskpraters as no, mar wol wie Fryslân hast ientalich Frysk. Fryslân hie syn eigen wetten, opskreaun yn prachtich poëtysk Frysk. De lju stienen elkoar lykwols flink nei it libben – yn de fetemaatskippij dy’t Fryslân doe wie, wie men jins bestean net wis.

In proai foar besetters wie Fryslân. Saksen en Geldersen mei Hollânsktalige amtners twongen ús sintraal gesach op – net dat soks in heul protte muoite koste, rûs ik in heal milennium letter. Der kaam krekt wat mear wissichheid yn de measte libbens troch dat sintrale gesach en benammen yn de stêden paste men him graach en rap oan. Men praat mei de mûle, dêr’t men brea mei yt… Yn in fearnsiuw waard it Hollânsk, of it Stedsfrysk en wat dêrfoar trochgie, de fiertaal by de boppelaach. Grutte Pier mocht ûndertusken syn frustraasjes oprinne en him dêrnei mei wrede seerôverij útwierje oan de Hollânske kust.

Kwa status hie it Frysk dêrnei iuwenlang neat om ’e hakken: yn it bestjoerlik ferkear waard it net brûkt. Der wie gjin ûnderwiis yn de taal. Likegoed oerlibbe it Frysk op it plattelân, tanksij in relatyf isolemint en de sterk op lânbou rjochte ekonomy fan ús regio. De measte minsken wienen analfabeet. Sa koe it Frysk as folkstaal bestean bliuwe.

*) Driessen is ûndertusken mei pinsjoen en ferlykber ûndersyk (lêsthâlden yn 2014) wurdt langer net mear dien.

Nije wike folget de twadde ôflevering. 

 

 

jannewaris 29, 2021 19:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe jannewaris 31, 11:58

    O asjebleaft nee. Net wer. De BMD. Net noch altyd. En dan ek noch yn twa dielen! ,,Willen jullie meer of minder Fries?!” Links populisme ferklaaid as no-nonsense bestjoerskunde is net sa slim as de rjochtse fariant, dy’t himsels noait ferklaait. Dat is wier. Mar in soad skeelt it net. It idee achter de BMD is simpel: politisy wrakselje o sa mei dat Frysk, se betinke en dogge fan alles, mar likegoed buorket de taal achterút, ergo, de minsken moatte no mar sizze wat se der mei wolle. De ferbjusterjende naïviteit fan sa’n tinkramt komt dalik oan it ljocht as jo sa’n ramt op in oar mêd tapasse, nim bygelyks de belêstingen. Politisy wrakselje der o sa mei, want de ien fynt se te heech, de oar te leech, se kinne it noait goed dwaan, ergo, de minsken moatte no mar sizze wat se der mei wolle. ,,Willen jullie meer of minder belastingen?” Minder! Minder! Minder!

    It is spitich dat Verf syn kennis, kunde en talinten net brûkt om de minsken te ferdútsen dat kulturele diversiteit in grut guod is, dat it ûnderwiis yn it Frysk folle better moat, dat de taal folle mear sichtber wurde moat yn it iepenbiere libben, dat der folle mear funksjes komme moatte dêr’t behearsking fan it Frysk in fereaske by is. It is ek spitich dat Verf, in Frysk skriuwer, mar oeral lêzingen hâldt (sjoch boppesteande tekst) oer syn ûnfruchtbere, kontraproduktive ideeën. En dat ItNijs, nota bene, him ek noch in poadium jout.

    Verf soe ris nei Chomsky harkje kinne. Dy prate lêstlyn, 92 jier âld, oer de takomst fan links nei Trump. Dat o sa ferdielde links. En hoe’t er sa optimistysk bliuwe koe. Sjoch ris hoefolle oft der al berikt is, sei Chomsky. Itselde soe men tsjin Willem Verf sizze wolle. En dat sûnder BMD!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.