Maaike en Meindert

jannewaris 9, 2021 07:00

Maaike en Meindert (ferhaal)

It wie op in sneontemiddei. Maaike Wiersma rûn mei de siel ûnder de earm. Se hie mei har freondintsje Akke fuort sillen om in ein te fytsen. Mar Akke hie de foarige jûns tsjin har sein dat se de oare deis nei beppe har jierdei moast. It wie in tsjinset, want se hie ûnderweis efkes earne oan wollen om in nij blûske te keapjen.

Har mem seach it. Dy krige in idee. As se Maaike no ris nei Readebrêge stjoerde. Moarn soe har mem op besite komme. Dy woe graach koarstekoeke fan bakker Galema út Readebrêge hawwe. Se moast mar ris sjen hoe’t Maaike har sin stie. Maaike wie fjirtsjin jier en mem en dochter wiene it net altiten iens. Se siet wolris wat oer Maaike yn. Se wie foarlik. Men hearde sokke frjemde ferhalen oer famkes dy’t sa jong al ferkearing hiene.

Maaike woe wol. Bakker Galema ferkocht ek hiele lekkere iisko’s. Se wie gau klear. Se hie hinne de grutte dyk nommen. As se op de weromreis no ris troch de Mieden gie. Healweis stie in bankje. Sneins waard dêr in protte hinne kuiere. Nei sa’n tweintich minuten wie Maaike by it bankje. Se gie derop sitten. It útsjoch oer de greiden wie moai. Se siet wat te filosofearjen. Se skrok doe’t efter har in lûd hearde.

Mei ik neist dy sitte, Maaike?’
Maaike seach efterom. Dêr stie Meindert Boukema. Hy kaam somtiden by harren thús om mei har heit te skaken. In protte omtinken hie Maaike noait oan him jûn. Hy hie al in bytsje keale holle. Se tocht dat er wol sa’n tweintich jier âlder wie sa sy. Foar har wiene dat âlde minsken. Meindert gie neist har sitten. Se praten in pypfol. Maaike rekke nijsgjirrich doe’t er sei dat er thús in draaimûne te stean hie. It wie miniatuer, mar hy hie him sels yninoar set. Hy woe ek wolris mei wat oars as mei melkmasines te dwaan hawwe. As Maaike der nocht oan hie, moast se mar ris lânskomme. Se fytsten tegearre wer nei it doarp. Doe’t Maaike wer thús wie, seach se Meindert mei bewûndering nei. De jûns hie Maaike har heit in hiel ferhaal oer Meindert. Hy koe hiel goed skake en dat se no in klasse heger spilen kaam foaral troch Meindert.

In pear dagen letter helle Meindert mei de auto Maaike yn. Hy draaide it rútsje omleech en frege har hoenear’t se de draaimûne kaam te besjen. Se praten ôf fan woansdeitejûn.

Maaike fielde dy dagen in spanning by har opkommen. Nachts dreamde se dat Meindert en sy neistinoar yn in draaimûne sieten. Doe’t se it mei Akke beprate, moast dy tige laitsje. Se sei dat se tocht dat Maaike fereale wie. Sels hie se in skoftke ferlyn op de camping gefoelens foar in jonge hân, mar dy hie se betwongen.

De woansdeitejûns gie Maaike nei Meindert. Se beseach de draaimûne. Meindert moast derom glimkje dat Maaike sei dat se eins tegearre yn de draaimûne sitte moasten. Under de kofje giene se neistinoar op de bank sitten. Maaike fielde dat Meindert har hieltiden tichter tsjin him oanluts. Se fûn dat noflik. Se pakte syn earm en lei dy om har skouders hinne. Se frege oft er it goed fûn dat se de holle tsjin syn skouder lei. Se waarden steurd trochdat se de klok hearden. Maaike sei dat se wer nei hûs moast. Moarn hie se in repetysje.

Meindert brocht Maaike thús. Earm yn earm rûnen se troch de buorren. Doe’t se by Maaike har hûs wiene, naam Meindert Maaike yn syn earms en tute har ferheftich. Maaike flústere him yn it ear: ‘Ik soe wol wolle datsto my op bêd brochtst.’

Dat komt noch wol. Sille we sneon in eintsje mei de auto fuort?’ Maaike knikte him ta. De nachts koe se net sliepe. Soe se fereale wêze? Yn de boekjes dy’t har mem lies, gie it dêr meastentiids oer. Fan har mem mocht se dy net lêze. Dochs toarken se hjir en dêr om.

De sneons wie Maaike al ier by Meindert. Maaike joech har yn de auto noflik neist Meindert del. Doe’t se in hân by him op ’e knibbel lizze woe, stie hy dat net ta. Maaike lei ûnderweis har hert bleat foar Meindert. No en dan sei Meindert dat se kalmeroan dwaan moast. Ynienen ried Meindert nei in iissalon. Maaike preau it iis en it like oft se noch noait soks lekkers hân hie. Meindert seach der mei nocht nei. Op de weromreis seach Maaike in boskje. Se frege hiel beskieden oft se dêr net ris sjen moasten. Earm yn earm rûnen se it boskje yn. Op in iepen stikje gongen se neistinoar lizzen. Meindert koe sjen dat Maaike feroare.

Wy moatte inoar tútsje, myn jonge,’ sei se. Sa stie it ommers ek yn de boekjes fan har mem. Meindert moast ynearsten wat yn himsels oerwinne. Hy frege him ôf wêr’t it op útrinne koe. Woansdei hie se it der al oer hân om tegearre op bêd te gean. Se wie hast fyftsjin en hy wie fiifentweintich jier. Oan syn nichtsjes hie er al murken dat se der betiid by wiene. Hy moast der wol foar soargje dat it net te fier gie. Maaike fitere him wol oan. Maaike hie der muoite mei om wer oerein te kommen.

Doe’t se wer sawat thús wiene, sei Meindert: ‘Wy lykje wol in steltsje. Fynsto net dat ik eins te âld foar dy bin?’
Wat jout soks. Wy hâlde faninoar, do en ik. Do hast dan wol mear ûnderfining as ik. Mar as ik ticht by dy bin, krij ik in oar gefoel oer my. Ik kin it net ûnder wurden bringe. Soms dream ik dat ik dyn soan oan ’t boarst haw. Do sjochtst der dan hiel tefreden nei.’
Do setst mar hiel hurd útein. Wy meie nocht net iens trouwe.’
Dat kin in spannende tiid wurde, sis.’

Meindert waard seis en tweintich jier. Hy fierde it by syn âlden yn Sondel. Maaike siet grutsk neist Meindert yn it fermidden. It wie op in freed. De oare moarns sei Meindert dat se tegearre wol útfanhûs koene. As se der nocht oan hie, dan giene se noch in pear dagen nei Appelskea yn in húske. Maaike fleach him om ’e hals. Doe betocht se dat se yn har sneinske klean omrûn. Meindert hie dêr wol in oplossing foar. Underweis koene se wol wat oars keapje.

Se kamen by it húske yn Appelskea oan. Maaike seach om har hinne. Se sieten op in hiel rêstich plak. Miskien koe se yn in bikiny rinne. As Meindert it mar goedfûn. Se hie Meindert safier krige dat er ek noch in bikiny foar har kocht hie. Maaike rekke gau thús yn it húske. De jûns praten se oeral oer. Maaike paste der wol foar op dat net oan ’e oarder kaam hoe’t se sliepe soene.

It waard bûten tsjuster. Meindert begûn te gapjen.
We moatte ûnder de fodden, Maai.’
Se hie alris om har hinne sjoen. Der wie mar ien sliepkeammerke. Maaike rekke hielendal spand. Der stiene twa ledikanten. In lytsenien en in twapersoansledikant. Se moast mar sjen hoe’t Meindert deroer tocht. As it oan har lei, dan krûpte se neist him. Dan kamen har dreamen út.

Soene we tegearre wol neistinoar sliepe kinne, hoe tinkst dêroer?’
Dêr hasto it wolris oer. Ik haw gjin ûnderfining. Se sizze dat ik nachts fuotbalje.’
Dat jout neat. Ik skop wol werom. Underfining moatst dy eigen meitsje.’

Meindert krige der wille om. Maaike wie op har eigen wize oan it trochsetten. Boppedat kaam him wer yn ’t sin dat er, as er ôfskied fan Maaike naam, in gefoel fan iensumens oer him krige. Se hiene de gelegenheid wolris hân, mar hy hie Maaike te jong fûn om soks te ûndergean. Hy wist dat it nei in nachttútsje op bêd der net by bliuwe soe.

De oare moarns waarden se hast tagelyk wekker. Maaike gie noch tichter tsjin Meindert oanlizzen. Se lake him ta.
Do bist myn goede frijer. It wie oars as yn mem har boekjes stiet. Ik haw field dat wy ús fannacht oaninoar jûn hawwe. Ik haw der in protte oer dreamd en fantaseare. No binne wy wier in pear.’
Wy sille wol noch in hiel skoft wachtsje moatte, foar’t wy trouwe kinne.’
Dat is foar my gjin probleem. Ik bepraat mem wol en as it oan my leit, lûk ik by dy yn. Do hiest it der lêsten oer datst nei Wommels ferhúzje koest. As ik klear bin mei de skoalle, dan soe ik bêst by dy wenje kinne, myn jonge.’
Jou my noch efkes de tiid om hjir ris goed oer nei te tinken.’
Doch dat dan mar. Ik haw no ferlet fan dyn tútsjes.’

In pear moanne letter gie Maaike mei Meindert nei Wommels ta. Maaike die it kantoarwurk en Meindert gie by de boeren lâns.

Doe’t Maaike tweintich jier wie waard lytse Meindert berne. Maaike hie der al hiel lang nei longere. Doe’t Maaike har mem op kreambesite kaam, koe dy it net litte om te sizzen dat se Maaike eins noch te jong fûn. Maaike moast derom laitsje. Se sei dat se yn mem har boekjes noch wol jonger wiene.

Abe Westra

jannewaris 9, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.