Ljouwerter sikehûs wurdt it sintrale Fryske koroanaspuitplak

jannewaris 5, 2021 12:16

MCL (foto: Wikipedia/Luitenb – CC BY-SA 3.0)

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert wurdt woansdei dochs begûn mei it ynintsjen fan meiwurkers yn de akute soarch tsjin koroana. Dat meldt medyske organisaasje AZNN. Der wurdt begûn mei it faksinearjen fan meiwurkers fan de intensive care, de driuwende help en ambulânsepersoniel.

Earder die bliken út in rûnfraach fan Omrop Fryslân by de Fryske sikehuzen del dat der woansdei noch net begûn wurde soe mei it faksinearjen, om’t se noch gjin faksins hiene. Mar no komme der dochs faksins tsjin it koroanafirus nei Ljouwert ta. Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL kin noch net sizze om hoefolle faksins oft it presys giet. “Maar het is in ieder geval genoeg om mensen op de spoedeisende hulp, de intensive care en de coronaverpleegafdeling van een vaccin te voorzien.”

It UMCG yn Grins en it Wilhelmina sikehûs yn Assen krije de faksins ek. Yn Fryslân is bewust foar it MCL keazen, seit Mostert. “De ambulancemedewerkers gaan ook mee in deze vaccinatieronde. Er is voor gekozen om op één locatie in Fryslân te vaccineren.” De oare lytsere sikehuzen folgje sa gau as mooglik, seit it AZNN.

MCL-meiwurkers dy’t foar in faksin yn oanmerking komme, kinne har tiisdei ynskriuwe. “Hoeveel het er precies zijn, daar heb ik nog geen goed beeld van”, seit Mostert. “Maar de verwachting is dat er veel belangstelling is. Het is altijd een keuze van de mensen zelf, maar we hebben de indruk dat mensen die in de coronazorg werken eerder geneigd zijn om een vaccin te nemen. Ze zien wat het coronavirus met mensen kan doen.”

Lanlik komme der 33.000 faksins beskikber foar meiwurkers yn de akutesoarchline, 10,5 persint dêrfan giet nei Noard-Nederlân. It faksinearjen kin ek net te lang duorje. “Die vaccins moeten bij een zeer lage temperatuur worden bewaard. Als ze ontdooien, zijn ze beperkt houdbaar.”

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 5, 2021 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.