Lilke lêzeres beskuldiget It Nijs fan ‘genocide’
Resint ferskynd
As nijswebstee kinne jo it net elk nei it sin meitsje. Dat wie al dúdlik te fernimmen by stikken oer taalstriid. Dêr waard lykwols almeast op it webstee sels oer diskusjearre.
Oars is it mei it nijs oer koroana. Doe’t It Nijs ferline jier in stik skreaun hie oer de juridyske kant fan de earste koroana-advizen fan ‘e oerheid, krige de redaksje fan in lilke lêzeres fuort in lilke mail dêr’t mei in hiel soad útrop- en fraachtekens yn stie dat it in skande wie dat wy “de man in poadium” joegen en dat er net wist wêr’t er it oer hie.
Hjoed hiene wy twa stikken (dit en dit) oer de nije koroanafaksins. Dy foelen ek net by elk yn goede ierde. De ûndersteande reaksje is sa bespotlik en misledigjend dat wy dy mar efkes mei ús lêzers diele, uteraard sûnder de namme fan de ynstjoerster derby te setten.
Foar lêzers dy’t it net wisten: it wurd genocide betsjut ‘folkemoard’. De redaksjeleden sille neifreegje oft it uterjen fan sa’n swiere beskuldiging strafber is.
It Nijs besiket de feiten wer te jaan, wat dy ek binne, oer alle ûnderwerpen en dus ek oer koroana.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje