Libbensfragen

jannewaris 24, 2021 07:39

Oertinking

Wêrom libje ik? Wêrom gean ik dea? Wêrom is der geweld? Wat is de sin fan it lijen? Wat bart der nei dit libben? Wat is it nut fan myn bestean? Wat kin en mei ik foar de oar betsjutte? Hoe wol ik wurde? Hoe moat ik hannelje? Ferskate libbensbeskôgingen sykje antwurden op dy fragen. Soms binne der gjin antwurden en komme der nije fragen.

Op in dei ûntfong Boeddha efterinoar trije manlju, dy’t him alle trije deselde fraach stelden: “Bestiet God?” De earste krige as antwurd: “Ja!” De twadde: “Nee!” En de tredde krige gjin antwurd.
Ananda, de trouwe dissipel fan Boeddha dy’t fjirtich jier lang yn it skaad fan de master libbe, wie by de trije besiten. Hy rekke troch de antwurden fan Boeddha yn ’e war en frege om opheldering. “Myn wurden wiene net foar dy bedoeld mar foar de fraachstellers”, antwurde Boeddha. “Dat kin wol wêze, sei Ananda, “mar ik hearde se dochs mar en ik begryp gewoan net dat jo sa ferskillend op in selde fraach antwurdzje.”
Boeddha fertelde doe dat de earste besiker in ateïst wie en om syn logika te ferdwaan wie it antwuord ‘ja’ needsaaklik. De twadde wie in teïst en by him moast itselde dien wurde mar dan krektoarsom. De tredde besiker wie iepen en hie gjin foaroardielen. Hy begriep fuortdaliks dat swijen it krekte antwurd op de fraach wie. (*1)

Wy rinne aloan en wer tsjin libbensfragen oan. Minsken krije yn harren deistich libben te meitsjen mei morele fragen, fragen oer libben en dea, wat harren politike kar is ensafuorthinne. Faak binne se lykwols net yn de gelegenheid om soksoarte fragen yn in situaasje fan rêst en oardering te trochtinken en mei oaren út te wikseljen.

It stiet elkenien frij om – sûnder twang en strakke regeljouwing – út leafde foar de oar en himsels in antwurd te sykjen. Yn ús dynamyske multykulturele mienskip kin it dan fan belang wêze en meitsje gebrûk fan ‘flechtheuvels’, plakken dêr’t harke wurdt en dêr’t sprake is fan barmhertichheid en moederaasje. (*2)

Wytze Brandsma Gersleat
emearitus agooch-teolooch

1 Boarne net bekend
2 In pear ‘flechtheuvels’ dêr’t minsken begelaat wurde kinne om harren eigen antwurden te sykjen binne:
www.kleurrijkfryslan.nl; www.solidairfriesland.nl; www.doe.frl; www.sichtpunt.nl; www.smwf.nl; www.clientondersteuning.co.nl; www.jeugdhulpfriesland.nl/over-ons/geestelijke-verzorging-en-zingeving; www.ggz.friesland.nl/luisterservice;  www.proud2bme.nl/Proud2Live/10_grote_levensvragen
jannewaris 24, 2021 07:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.