Libben, ljocht en leafde (gedicht)
Resint ferskynd
Libben, ljocht en leafde
Yn de widze leit de lytse.
It libben krekt begûn.
De mem is grutsk, se fielt har ryk,
mei hert en siel ferbûn.
It libbensljocht foar beide
skynt elke dei opnij.
Genietsje fan nij libben
mei man en heit derby.
De leafde yn harren libben
is foar beide hiel gewoan,
want sûnder leafde libje,
kinn’ minsken net lang oan.
Reinder Posthuma
Wommels
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje