Learplan Frysk, hoe no fierder

jannewaris 30, 2021 18:12

Ankom wike sil de Ried fan de Fryske Beweging mei deputearre Sietske Poepjes petearje oer it idee om simmerskoallen foar it Frysk foarinoar te krijen. Dat skriuwt de Ried yn it nijsbrief dat elts fearnsjier omstjoerd wurdt nei de stipers. It fearnsjierberjocht fan de Ried is hjir ek te besjen: RIEDF-21001-Nieuwsbrief 5

Yn it petear mei de Provinsje Fryslân sil allyksa it nije learplan foar it skoallefak Frysk, sjoch kurrikulum.frl, op it aljemint komme. Yn ‘e mande mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en de Feriening Frysk Underwiis (FFU) hat de Ried dêr in stikmannich krityske fragen en oanrekommandaasje foar opsteld.

“De Ried fan de Fryske Beweging, it EBLT en de FFU hawwe mei wurdearring kennis nommen fan it nije Kurrikulum.frl lykas dat yn oktober 2020 publisearre is. It primêr en fuortset ûnderwiis hawwe dêrmei in ramt krigen om har taalbelied foar de kommende jierren stal te jaan”, sa stiet te lêzen yn in brief dy’t earder nei de provinsje stjoerd waard. En: “Wy binne wiis mei it útstel fan de wurkgroep foar net-differinsjearre kearndoelen Frysk. Yn it hiele Fryske taalgebiet kinne alle skoallen no folweardich mei it Frysk te set, wylst de learkrêft yn de klassesituaasje rekken hâldt mei de ferskillen yn feardigens by learlingen sa as dat ek by oare fakken it gefal is.”

Mar, sa skriuwe de partijen fierder: “Wêr’t it lykwols op oankomt, is de fraach yn hoefier’t dat stik fan 100 siden de skoallen wierliken helpt om hannen en fuotten te jaan oan it fak Frysk. It Frysk is fan 1980 ôf in ferplichte fak op de basisskoallen en sûnt 1993 yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Oant no ta hat dat lang net opsmiten wat men ferwachtsje mocht. It is dêrom net sûnder reden dat we in stikmannich krityske fragen stelle en mei oanrekommandaasjes komme. Wy beheine ús ta in pear haadsaken:

  1. Yn de ûnderwiiswetten foar ûnderwiis yn it Frysk is yn 2014 fêstlein, dat “draagvlak” ien fan de betingsten is by it fêststelle kinnen fan de kearndoelen Frysk. De wurkgroep stelt dêr gjin krityske fragen by. Lykwols, by gjin inkeld oar fak yn it primêr en fuortset ûnderwiis wurdt praat oer “draagvlak” en dêrmei kriget it Fryske ûnderwiisfjild sa frij mandaat om it ferplichte oanbod fan it ûnderwiis yn it Frysk neffens eigen opfettings te ynterpretearjen. Mei in berop op dat wetsartikel is in lykweardige posysje fan it Frysk nét garandearre. Wy binne fan betinken dat it provinsjaal bestjoer alle war dwaan moat om dy ûngelikense situaasje te sinjalearjen, omdat dy de emansipaasje fan de taal yn Fryslân yn it paad stiet.
  1. Net allinne de taalsituaasje is yn Fryslân mei de ynfiering Frysk as in ferplichte fak feroare, mar ek it ynsjoch yn it learen fan (mear) talen yn it ûnderwiis. It wie in ûntjouwing fan in situaasje fan mar ien taal goed leare op de (doe noch) legere skoalle (sûnder it Frysk) nei in meartalich konsept mei omtinken foar de thústalen fan de bern. De Cedin-wurkgroep jout dêr rom omtinken oan. Meartaligens, meartalich taalbewustwêzen en “translaguaging” wurde mear as ienris besprutsen en bepleite. It seit himsels dat men yn de praktyk rekken besiket te hâlden mei de thústaal fan de learlingen, mar it ûnderskied yn posysje tusken de ferplichte doeltalen (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) en it plak foar thústalen sa as bygelyks Poalsk en Arabysk is net helder. Foar lêstneamde talen hat de skoalle gjin kwalifikaasjeopdracht. Dat is wól it gefal foar de doeltalen mei de dêrfoar fêststelde kearndoelen as in op syn minst ferplichte oanbod.
  1. Yn it presintearre learplan fan de wurkgroep is omtinken foar net-Nederlânske thústalen (migraasje), mar net foar de Fryske streektalen sa as it Biltsk, it Stellingwarfs en it Stedsfrysk.
  1. Salang’t de ûnderwiisynspeksje de skoallen iensidich ôfrekkenet op de opbringsten foar ‘Nederlandse taal’ sille in protte skoallen tige hoeden wêze om in soad tiid oan it Frysk te jaan. It Frysk soe dêrom op in objektive wize yn de jierlikse eintoetsen fan de basisskoallen hifke wurde moatte en it Frysk as in ferplichte eksamenfak yn it fuortset ûnderwiis opnommen.
  1. De wurkgroep is in grut foarstanner fan yntegrearre taalûnderwiis (meartaligens), mar wurket dat net út neffens de faktor ‘tiid’ as elemint yn it ‘kurrikulêre spinreach’. Yn de Taljochting komt de wurkgroep dêr op werom mei de suggestje fan 60 minuten yn ’e wike, mar skriuwt der daliks efteroan dat in oere fierstente min is. De wurkgroep ferwiist dan nei fyzje en belied fan de skoalle. Dêr wreekt him it feit dat de wurkgroep meartalich ûnderwiis gauris op in te abstrakt nivo bepleitet en de lykweardigens fan it Frysk en de mooglikheden fan transfer en translanguaging om it tiidsprobleem op te lossen, net útwurket. Bygelyks troch it ûntwikkeljen fan yntegrearre learmiddels foar yn prinsipe alle fakken.
  1. Neffens it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen is Nederlân ferplichte om ‘een aanmerkelijk deel’ fan it ûnderwiis oan te bieden yn de minderheidstaal. It giet dêrby net allinnich om ûnderwiis fan it Frysk, mar ek om lessen fan oare fakken yn it Frysk. By ferskate ynternasjonale stúdzjes en fergelikingen is fêststeld dat 6 oeren ûnderwiis yn de minderheidstaal de ûndergrins is om in goed nivo fan taalbehearsking te berikken.
  1. Der binne twa wichtige faktoaren dy’t bûten it ramt fan it kurrikulum.frl falle. Dat is yn it foarste plak dat der pas oer tsien jier (Bestjoersôfspraak 2019-2023) échte foarútgong wêze sil en dat dêrfoar op de skoallen foldwaande betûfte en belutsen dosinten wêze moatte dy’t by steat binne om it Frysk as fak te jaan en boppedat ek as fiertaal te brûken (sjoch ek it brief fan de Ried oer de simmerskoallen).
  1. Yn it twadde plak wurdt der gjin omtinken jûn oan de needsaaklike trochgeande line nei it middelber berops-, heger en wittenskiplik ûnderwiis. De fakultative status fan it Frysk yn de Wet op de Ekspertizesintra (WEC) en it plak fan it Frysk yn de ynstituten foar foarskoalske opfang hearre dêrby behelle te wurden. Dy fakultative status fan it Frysk yn de WEC is ek noch yn striid mei kêst 8 fan it Hânfêst en dat freget om wetsferoaring.
  1. De Cedin-wurkgroep hat him net mei in skiednislearplan dwaande holden, mar yn it Europeesk Hânfêst (kêst 8) wurdt derfan útgien dat ek noed stien wurdt foar de skiednis en kultuer dy’t yn de taal fan in ‘minderheid’ wjerspegele wurdt. Dat is net frijbliuwend en heart útwurke te wurden yn learplannen, kearndoelen en eksameneasken.
  1. Yn it lêste rapport fan de Ried fan Europa oer de tapassing fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen troch lidsteat Nederlân wurdt dat apart beneamd. It is dêrom wichtich om dat ek te beneamen yn it nije kurrikulum.”
jannewaris 30, 2021 18:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe jannewaris 31, 11:00

    Wat ik net hielendal begryp: wêrom is it útstel fan de Wurkgroep, oktober ferline jier, om de leardoelen net differinsjearjen net fierd troch de Ried en de FNP as in grut súkses? De driigjende etnisearring fan it Fr. ûnderwiis hat meispile by de oprjochting fan SisTsiis.Om efkes yn it bewegersfokabulêr te bliuwen: no blykt dy striid wûn te wêzen, en der is gjin feestje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.