Lân fan frede en frijheid…

jannewaris 17, 2021 07:26

Oertinking

Wat de lêste tiid yn de Feriene Steaten fan Amearika bart ropt de fraach op hoe’t folksfertsjintwurdigers mei de demokratyske rjochtsbegjinsels omgean moatte.

In lieder hat mei ferskillende soarten fan minsken te meitsjen. As it in goede lieder is, hat er foar elkenien it gelok op it each (*1). Dat kin allinne as er elkenien dy’t oan him ûnderwurpen is serieus nimt. It soe net goed wêze as er him iensidich liede liet troch wat de mearderheid wol. Hy moat him ek ynlibje kinne yn minderheden en dy harren ferlet. In iepen mienskip kin funksjonearje op grûn fan romsinnich respekt. Sa’n mienskip is mear as in demokrasy fan de helte plus ien.

De beswieren fan minderheden tsjin autoritêre lieders en tsjin te grutte sintralisaasje fan bestjoersorganen jilde net alderearst de oanwêzichheid fan autoriteit en gesach, mar de wize dêr’t dat gesach op útoefene wurdt (*2). Under lieders dy’t dat ûnderskied net genôch ynsjogge, bestiet it gefaar dat de wjerstân en de opstannigens har rjochtsje tsjin it gesach sels en tsjin alles wat troch dat gesach fertsjintwurdige wurdt.

Yn stee fan dat de faninoar te ûnderskieden groepearringen inoar fine op mienskiplike wearden, wurde der oerdreaune bylden – dy’t net mei de werklikheid oerienkomme – oer en wer útfergrutte. Troch dy stereotypearringen wurdt it ûnderlinge wantrouwen fergrutte en wurdt it ta-inoar kommen der net makliker op makke.

Dat wurdt troch oerhearskjende mearderheden faak keppele oan ûnderdrukking en geweld (*3). Foar eigen gewin wurde minsken as frjemdlingen wantrouwich foarninoar oer opset. Ofkearich fan eigen belang en baatsucht klinkt it krystboadskip fan frede en frijheid noch foar ús troch.

Komt der oait in dei fan frede en fan frijheid, wier en wis
foar in folk dat ûngenedich leechlein wurdt en delslein is?

Sil der altyd frede bliuwe, wurdt dan alles hjir wer goed,
sil God pine en leed ferdriuwe, al ús soargen hjir en hjoed? (*4)

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

* 1 Sjoch ek de publikaasje oer Tsjinjend liederskip, It Nijs septimber 2020, www.itnijs.frl/2020/09/tsjinjend-liederskip/
* 2 It wurd autoriteit is ôflaat fan it Latynske auctoritas, dat gearhinget mei it tiidwurd “augere” = fermearje, groeie litte, stichtsje, helpe. In auctor is geastlik en lichaamlik in inisjator, in oansetter en feroarsaker fan nij libben!
* 3 www.amnesty.nl/wat-we-doen/themas/discriminatie en www.amnesty.nl/encyclopedie/minderheden-en-mensenrechten
* 4 Tekst Henk Jongerius, ‘Zal er ooit een dag van vrede’, oerset troch Folkert Verbeek en Cor Waringa (Lieteboek 2015, nû. 462: 1 en 2). De folsleine tekst is ek te lêzen en te hearren yn de fertolking fan Syb van der Ploeg op www.youtube.com/watch?v=vJK6TN6FAKg
jannewaris 17, 2021 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.