Koroananijs: measte Nederlanners wolle in spuit

jannewaris 5, 2021 12:09

Foto: pixabay.com

In trijefearn fan ‘e Nederlanners wol in faksinaasje foar de koroanasykte. Dat docht bliken út ûndersyk dat Ipsos yn opdracht fan ‘e NOS útfierd hat. In foech moanne lyn wie dat noch mar 69 persint en noch in moanne earder 66 persint.

De helte fan ‘e Nederlanners wol sûnder mis in spuit, jit in fearn seit fan ‘nei alle gedachten wol’.

Tsien persint wit noch net oft er it middel dat de trudze foarkomme kin, hawwe wol. Fyftjin persint wol it perfoarst of nei alle gedachten net hawwe. Dyselden binne oer it generaal benaud foar de feiligens of foar bywurkings, of hja twivelje oan ‘e effektiviteit fan it middel.

jannewaris 5, 2021 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.