Koroana-eksperts WHO úteinset mei ûndersyk yn Wuhan
Resint ferskynd
Undersikers fan de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) kinne úteinsette mei harren fjildûndersyk nei de oarsprong fan de koroanasykte. It tiim fan eksperts hat twa wike sûnt de oankomst yn de Sineeske stêd Wuhan yn karantêne sitten.
Ynternasjonale media berjochtsje dat de ûndersikers tongersdei harren hotel ferlitten ha en mei bussen fuortgien binne. Hoe’t it reisskema derútsjocht, is net dúdlik. De Nederlânske firolooch Marion Koopmans makket ek diel út fan it tiim.
Sina fersette him earst tsjin it WHO-ûndersyk nei it ûntstean fan it firus, nei alle gedachten om’t it lân net ferantwurdlik holden wurde wol foar eventuele flaters. De sykte stuts yn 2019 yn Wuhan foar it earst de kop op, mooglik op in merk mei hannel yn libbene bisten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje